De makrielhaaien (wittenskiplike namme: Lamniformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha) en it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi). De wittenskiplike namme fan dit skift is ôflaat fan it Grykske wurd lamna, dat letterlik "rôffisk" betsjut. __TOC__ Beskriuwing De makrielhaaien foarmje in taksonomyske groep dêr't guon fan 'e bekendste soarten haaien ûnder falle, lykas de wite haai (Carcharodon carcharias) en de reuzehaai Cetorhinus maximus). De leden fan dit skift ûnderskiede har fan oare haaien troch it besit fan twa rêchfinnen, in earsfin, fiif kiuwskreven, eagen sûnder in trêde eachlid en in mûle-iepening dy't oan 'e sydkanten fan 'e kop oant efter de eagen trochrint. Ek hawwe makrielhaaien, oars as oare haaien, in hegere lichemstemperatuer as it wetter dêr't se yn swimme.
Klassifikaasje
skift makrielhaaien (Lamniformes) famylje earnehaaien (Aquilolamnidae) † skaai echte earnehaaien (Aquilolamna) † famylje breedtoskhaaien (Cardabiodontidae) † skaai Dwardius † skaai echte breedtoskhaaien (Cardabiodon) † skaai ?Parotodus † famylje foarhjerringhaaien (Eoptolamnidae) † skaai Eoptolamna † skaai Leptostyrax † skaai Protolamna † famylje foksehaaien (Alopiidae) skaai echte foksehaaien (Alopias) foksehaai of gewoane foksehaai (Alopias vulpinus) gruteachfoksehaai (Alopias superciliosus) pelagyske foksehaai (Alopias pelagicus) famylje gruttoskhaaien (Otodontidae) † skaai Cretalamna † skaai eartoskhaaien (Otodus) † megalodon (Otodus megalodon) † skaai Kenolamna † skaai Megalolamna † skaai Megaselachus † skaai Palaeocarcharodon † skaai ?Parotodus † famylje hjerringhaaien (Lamnidae) skaai echte hjerringhaaien (Lamna) hjerringhaai of noashaai (Lamna nasus) salmhaai (Lamna ditropis) skaai echte makrielhaaien (Isurus) koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus) langfinmakrielhaai (Isurus paucus) skaai minskehaaien (Carcharodon) hubbellminskehaai of Hubbells minskehaai (Carcharodon hubbelli) † wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias) famylje karteltoskhjerringhaaien (Serratolamnidae) † skaai echte karteltoskhjerringhaaien (Serratolamna) † famylje koboldhaaien (Mitsukurinidae) skaai echte koboldhaaien (Mitsukurina) koboldhaai (Mitsukurina owstoni) famylje krieëhaaien (Anacoracidae) † skaai Myledaphus † skaai Pseudocorax † skaai Squalicorax † skaai Telodontaspis † famylje krokkedilhaaien (Pseudocarchariidae) skaai echte krokkedilhaaien (Pseudocarcharias) krokkedilhaai (Pseudocarcharias kamoharai) famylje reuzebekhaaien (Megachasmidae) skaai echte reuzebekhaaien (Megachasma) reuzebekhaai (Megachasma pelagios) famylje reuzehaaien of grutte haaien (Cetorhinidae) skaai echte reuzehaaien of echte grutte haaien (Cetorhinus) reuzehaai of grutte haai (Cetorhinus maximus) skaai Keasius † famylje sântigerhaaien (Odontaspididae) skaai echte sântigerhaaien (Odontaspis) gruteachsântigerhaai (Odontaspis noronhai) lytstosksântigerhaai (Odontaspis ferox) skaai karteltosksântigerhaaien (Carcharias) sântigerhaai (Carcharias taurus) famylje skerpnoashaaien (Cretoxyrhinidae) † skaai echte skerpnoashaaien (Cretoxyrhina) † famylje teartoskhaaien (Ptychodontidae) † skaai echte teartoskhaaien (''Ptychodus) †
Kategory:Kreakbienfiskeskift Kategory:Haai