The Shallows is in Amerikaanske horrorfilm út 2016 ûnder rezjy fan Jaume Collet-Serra, mei yn 'e haadrol Blake Lively. De titel betsjut "De Undjipten". It ferhaal giet oer in jonge froulike Amerikaanske surfer, dy't by in prachtich mar ôfhandich strân yn Meksiko op in rots foar de kust fêst komt te sitten nei't se oanfallen is troch in grutte wite haai. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en groeide yn 'e bioskopen út ta in kommersjeel súkses.

Plot Koart nei it ferstjerren fan har mem oan kanker reizget de Amerikaanse Nancy Adams nei in alderprachtichste, mar ek tige ôfhandige baai yn Meksiko, mei in hagelwyt strân en akwakleurich seewetter. It is itselde plak dat har mem besocht doe't se swier fan Nancy wie. Carlos, in freonlike Meksikaan dy't deunby de baai wennet, jout har in lift dêrhinne. De freondinne mei wa't se der ôfpraat hie, seit lykwols fia in sms-ke ôf, om't se in kater hat nei't se de jûns tefoaren tefolle dronken hat. Nancy ergeret har dêroan, mar is wisberet om har wille net bedjerre te litten. Op it strân oankommen, docht bliken dat se op twa oare surfers nei de hiele baai foar harsels hat. Se makket kontakt mei de beide mannen, fan wa't ien inkeld Spaansk sprekt, mar de oare ek it Ingelsk machtich is. Dyselde warskôget har foar in gefaarlike streaming, de rotsen in pear hûndert meter út 'e kust dy't der by floed ûnder strûpe, en it koraal dat tusken de rotsen yn groeit, dat in pynlik brânend gefoel feroarsaket by oanrekking.

Nancy surft in skoftke, en keart dan werom nei it strân om te iten. Se byldbellet mei har jongere suske Chloe, thús, yn Galveston (Teksas). As har heit it petear oernimt, docht bliken dat Nancy dizze reis ûndernommen hat om't se der troch it ferstjerren fan har mem oer neitinkt om har oplieding ta dokter ôf te brekken. Har heit is it dêr net mei iens en fiert oan dat har mem it der ek net mei iens west hawwe soe. It petear rint út op in emosjonele konfrontaasje dy't troch Nancy ôfkappe wurdt troch de ferbining te ferbrekken. It rint ûnderwilens nei de jûn, en Nancy giet noch ien lêste kear te surfen foar't it tsjuster wurdt. De beide oare surfers geane krekt werom nei it strân ta en begjinne op te pakken, wat betsjut dat Nancy no hielendal allinnich is. Dat is krekt wêr't se ferlet fan hat fanwegen har gemoedstastân nei it petear mei har heit.

As Nancy in ein de see op giet, merkt se it reuseftige driuwende kadaver fan in bultrêchwalfisk op, dêr't hjir en dêr reuseftige toskleasten yn sitte dêr't der brokken út hapt binne. Se fielt har der net noflik by en keart om. Wylst se in weach nei it strân beriidt, wurdt se troch in grutte wite haai fan har surfplanke stjitten. Ear't se alhiel beseft wat der bart, byt it bist har yn 'e lofterskonk. It is mar in skamper, want hoewol't se in grutte bliedende wûne hat, funksjonearret har skonk noch, mar Nancy is likegoed raar gesteld. Se wit it kadaver fan 'e walfisk te berikken, dêr't se boppe-op klimt, mar de haai triuwt it fierder by de kust wei en raamt it dan fan ûnderen. Nancy kin krekt op 'e tiid ien fan 'e isolearre rotsen berikke, dy't no, nei it hichtepunt fan 'e floed, krekt boppe wetter útstekke.

Nancy brûkt de ankelbân fan har surfplanke as toerniket om it blieden fan har wûne te stopjen, wêrnei't se mei it skerppjukkige hingerke fan har halskeatling in pear gatsjes yn 'e hûd makket en mei har earbellen twa provisoaryske hechtings oanbringt. Yn 'e fierte sjocht se hoe't de oare beide surfers yn harren auto it strân ferlitte. Se besiket mei roppen en wiuwen harren oandacht te fangen, mar de beide mannen binne harren folslein ûnbewust fan it drama yn 'e baai en ride fuort. Nancy bliuwt hielendal allinne efter mei inkeld in miuw as selskip, dy't fan it kadaver fan 'e walfisk oan it fretten wie, ferwûne rekke doe't de haai it kadaver raamde en neitiid beskûl socht hat op deselde rots. De fûgel, dy't net botte skruten foar minsken oer is, hat in wjuk út it potsje, en Nancy triuwt it werom, wêrnei't se as tank troch de miuw yn 'e finger biten wurdt. Se neamt it bist 'Steven Seagull', in wurdboarterij op seagull, it Ingelske wurd foar "miuw", en de namme fan akteur Steven Seagal.

Tegearre mei de fûgel bringt Nancy de nacht op 'e rots troch. Se wit wol better as by tsjuster it wetter yn te gean, mar se is har der ek fan bewust dat de rots dêr't se op leit der by floed ûnder strûpe sil. Tsjin it lemieren wurdt se op it strân in man gewaar, dy't dêr leit te sliepen. Se ropt en wiuwt en wit him wekker te krijen, mar it docht bliken dat er smoardronken is en Nancy net begrypt. Wol stelt er har besittings, dy't se op it strân efterlitten hat. As er net fier fan it strân ôf har surfplanke driuwen sjocht, dy't se by de earste oanfal fan 'e haai kwytrekke is, giet er de see yn om ek dy te stellen. Nancy besiket him te warskôgjen, mar hy harket net nei har en wurdt oanfallen troch de haai wylst er de planke nei it strân besiket te krijen. Hy berikt it strân wol wer, mar hat gjin ûnderlichem mear en bliedt al rillegau dea.

Ferskate oeren letter komme de beide jonge surfers werom mei wa't Nance de foargeande dei yn 'e kunde kommen is. De koartsige Nancy is ûnderwilens wer yn in ûnrêstige sliep weisakke, en tsjin 'e tiid dat Steven Seagull har wekker makket mei syn geraas, binne de beide mannen it wetter al yngien. Se besiket harren noch te warskôgjen, mar it is te let: se wurde foar har eagen oanfallen en deade troch de haai. Ien fan 'e beide mannen droech in helm mei in GoPro-kamera derop; nei't de haai him de djipte yn skuord hat, komt de plestik helm boppe driuwen. As Nancy it ding gewaar wurdt, wit se it mei muoite yn 'e hannen te krijen. De lêste opnommen bylden toane de wiid iepen bek fan 'e haai dy't fluch neieroan komt. Nancy merkt in grutte heak yn 'e sydkant fan 'e bek op dy't wiist op eardere konfrontaasjes dy't dizze haai mei minsken hân hat. Se brûkt de kamera om in oprop om help op te nimmen en ek ôfskiedsboadskippen foar har heit en suske, foar't se it ding mei helm en al yn 'e rjochting fan it strân wer yn see smyt.

Mei't it no rillegau floed wurde sil, moat Nancy sjen dat se fan 'e rots ôf komt om't dy ûnder wetter komme sil te stean. It probleem is dat de haai noch altyd patrûljearret tusken har rots en it walfiskkadaver. Se set Steven Seagull op in brokstik fan 'e stikkenbiten surfplanke fan ien fan 'e surfers en triuwt him by de rots wei, de kant fan it strân út. As se op har horloazje de tiid opnimt dy't de haai nedich hat om nei it kadaver ta en wer werom, berekkenet se dat se in heale minút de tiid hat om in grutte metalene boei te berikken dy't fierderop driuwt. Underweis rekket se betize yn in iezing kwabben, dy't mei harren tentakels in aaklike brânwûne op har skouder feroarsaakje. Dat fertraget har, mar de haai, dy't ek net fan 'e oanrekking fan 'e tentakels hâldt, skrillet derfoar tebek om tusken de kwabben troch te swimmen, en dat jout har wer mear tiid. Se wit úteinlik krekt op 'e tiid de boei te berikken.

As se letter yn 'e fierte op see in frachtskip foarbykommen sjocht, iepenet se in heal ferroastke metalene bak op 'e boei, dêr't in ljochtkûgelpistoal yn sit. Se sjit ferskate ljochtkûgels ôf, mar de lju op it skip sjogge it net. Neitiid sjit se de rest fan 'e ljochtkûgels ôf op 'e haai. Mei de lêste set se de walfisktraan yn 'e brân dy't út it kadaver lekt, krekt as de haai dêrtrochhinne swimt. Dêr ûnderfynt it bist neat fan, mar se bringt it der wol mei ta razernij. De haai falt kear op kear de boei oan en skuort de trije grouwe stielene keatlings los dêr't de boei mei fêstsit oan 'e seeboaiem. Nancy makket harsels fêst oan it lêst keatling, en as dat út 'e boei skuord wurdt, sinkt it troch it gewicht fan it metaal mei grutte faasje nei de seeboaiem ta, wêrby't sy meilutsen wurdt. De haai set daliks de efterfolging yn, en as Nancy op it lêste momint fansiden wykt, speetst it bist himsels op 'e útstykjende betonizers fan it anker fan 'e boei.

Underwilens fynt in jonkje dat op it strân ompielt de helm mei de GoPro-kamera, dêr't er de haaie-oanfal op 'e surfers op weromsjocht. Hy draaft fuort om help te heljen en komt werom mei syn heit Carlos, deselde dy't Nancy in lift nei it strân jûn hie. Dy treft Nancy deunby it strân oan, driuwend yn it wetter, en, net wittend dat de haai al dea is, weaget er sûnder wifeljen syn libben om har te rêden. As Nancy op it strân by bewustwêzen komt, hat se in koart fizioen fan har mem dy't glimkjend op har delsjocht. Letter sjocht se Steven Seagull, dy't op it stikje surfplanke blykber it strân berikt hat, op in dún sitten.

Yn in koarte epilooch is it in jier letter. Nancy, no in diplomearre dokter, giet yn Galveston mei har suske Chloe te surfen, wylst harren heit fan it strân ôf tasjocht.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise     Nancy Adams Blake Lively

byrollen personaazje akteur/aktrise Carlos Óscar Jaenada Spaansktalige surfer Joseph Salas twatalige surfer Angelo Josue Lozano Corzo dronkelap Diego Espejel Chloe Adams Sedona Legge heit Adams Brett Cullen mem Adams Janelle Bailey "Steven Seagull" Sully the Seagull (miuw)

Produksje en distribúsje Produksje Oarspronklik wie it de bedoeling dat Louis Leterrier The Shallows regissearje soe, mar dy sei yn juny 2015 ôf. Dêrop waard Jaume Collet-Serra frege as regisseur. Collet-Serra seach, nei eigen sizzen, de film fral as in ferhaal oer oerlibjen, en net sasear as in horrorfilm. Dêrom besleat er fan it begjin ôf oan ek al om net altefolle bluodderige wûnen yn byld te bringen. Aktrise Blake Lively waard yn augustus 2015 yn 'e haadrol cast. Neffens har waard se ta it meidwaan oan The Shallows ynspirearre troch har man Ryan Reynolds, dy't yn 2010 in like minimalistyske film makke hie mei Buried. "Dat wie ien fan 'e redens wêrom't ik dizze film sa graach dwaan woe," sei se letter yn in fraachpetear, "om't ik wist hoe dreech it foar him west hie en hoe goed er him der neitiid oer fielde."

Collet-Serra makke The Shallows op basis fan in senario fan Anthony Jaswinski. As produsinten wiene Lynn Harris en Matti Leshem by it projekt belutsen, foar de filmstudio's Columbia Pictures, Weimaraner Republic Pictures en Ombra Films. Der wie foar The Shallows in budget beskikber fan $17 oant 25 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Flavio Labiano, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Marco Beltrami.

Opnamen De opnamen foar The Shallows setten op 28 oktober 2015 útein op Lord Howe, in fakânsje-eilân fier út 'e kust fan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales. Der waard ek filme by Mount Tamborine, yn Queenslân, en yn 'e Village Roadshow Studios yn Gold Coast (Queenslân). It hie oarspronklik de bedoeling west dat de film opnommen wurde soe oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, net fier fan Galveston, mar de produsinten waard dêr om feilichheidsredens in fergunning om te filmjen ûntsein. De lêste opnamedei foel op 15 jannewaris 2016.

In grut diel fan The Shallows waard eins yn in grutte wettertank yn 'e studio opnommen, tsjin 'e eftergrûn fan in blauskerm, dat letter opfolle waard mei special effects. Collet-Serra woe lykwols foarkomme dat de film der sa stilearre út kaam te sjen, dat it de sjoggers opfalle soe. Dêrom naam er nei syn eigen skatting sa'n 10% fan 'e film op lokaasje op. Troch dy bylden tusken de oaren troch te pleatsen, waard neffens him it publyk foar de gek holden om te leauwen dat de filmset echt is. Liveley die ferskate stunts sels, wêrûnder in sêne wêrby't har personaazje de noas brekt. Lively besearde har by dy opname yn wurklikheid ek, en it bloed op har noas is echt bloed.