Arromanches-les-Bains is in Frânske gemeente yn it departemint Calvados yn 'e regio Normandje.

Geografy De gemeente leit oan 'e kust fan it Kanaal, likernôch 11 kilometer noardeastlik fan Bayeux en 30 kilometer noardwestlik fan Caen.

Skiednis thumb|left|Gold Beach mei resten fan de haven "Mulberry B". By de alliearde lânings fan 1944 yn 'e Twadde Wrâldkriich lei Arromanches oan Gold Beach. Nei de lâning waard yn it ramt fan 'e operaasje foar de kust ien fan 'e twa keunstmjittige havens (Mulberry B) oanlein om troepen en materjeel oan lân te bringen. De resten fan 'e haven binne ek hjoeddedei noch te sjen.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007 2018Ynwennertal 298 339 355 395 409 552 609 481 Boarnen: Cassini en INSEE

Ekonomy De befolking libbet fral fan it toerisme. Njonken in camping wurde in soad sport- en frijetiidsaktiviteiten oanbean.

It besjen wurdich Musée du Débarquement Bioskoop Arromanches 360 De neoromaanske, healwei de 19e iuw boude, Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre)

Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Calvados Kategory:Plak yn Calvados