Rives-en-Seine is in gemeente yn it Frânske departemint Seine-Maritime yn 'e regio Normandje. It plak falt ûnder it arrondissemint Rouen. Rives-en-Seine ûnstie op 1 jannewaris 2016 troch in gearfoeging fan 'e gemeenten Caudebec-en-Caux, Saint-Wandrille-Rançon en Villequier.

Yndieling Rives-en-Seine is in commune nouvelle (nije gemeente) en ûnder te ferdielen yn trije saneamde communes déléguées (delegearre gemeenten). In delegearre gemeente hat noch in beheind tal bestjoerlike funksjes en ek in troch de gemeenteried fan Rives-en-Seine beneamde boargemaster.

Plak Oerflak (km²) Ynwennertal (2017) Caudebec-en-Caux (bestjoerssit ) 4,93 2.231 Saint-Wandrille-Rançon 18,11 1.259 Villequier 11,1 769

Histoaryske monuminten

Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux Hospice Saint-Julien, Avenue Winston Churchill, Caudebec-en-Caux 14e-iuwske finzenis oan 'e Rue du Bailliage, Caudebec-en-Caux Goatysk timpeliershûs oan 'e Rue Thomas Bazin, Caudebec-en-Caux Abdij fan Saint-Wandrille, Rue Saint-Jacques

Musea MuséoSeine, Avenue Winston Churchill, Caudebec-en-Caux Musée Victor Hugo, Quai Victor Hugo, Villequier

Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Seine-Maritime Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2016