De hjerringhaaien (wittenskiplike namme: Lamnidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi) en it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes). Dit is in taksonomyske groep dy't fiif libbene en in grut tal fossile soarten grutte haaien omfettet, wêrûnder de bekendste fan allegear, de wite haai.
Etymology De wittenskiplike namme fan dizze famylje is ôflaat fan it Grykske wurd lamna, dat letterlik "rôffisk" betsjut. Dat wurd wie sels wer ôflaat fan 'lamia' de namme foar in mytysk wêzen út 'e folkloare, dat heal frou, heal slange wie.
Beskriuwing Hjerringhaaien binne grutte rôffisken wêrfan't de grutste soarte, de wite haai, in lingte fan mooglik 7 m berikke kin. Se ûnderskiede har fan oare makrielhaaien troch in puntige snút, in spoelfoarmich liif en grutte kiuwiepenings. De foarste rêchfin is grut, heech en stiif, en krommet oan 'e foarkant nei efteren ta. De efterste rêchfin en de earsfin binne tige lyts. Fierders hawwe se grutte tosken en in saneamde sturtkyl (in langwerpige, fersterkjende útstulping oan 'e sydkant fan it tinste part fan 'e sturt). De fyfde (en lêste) kiuwspjalt stiet foàr de boarstfin. Hjerringhaaien binne nettsjinsteande harren grutte dochs kompakt boude bisten, dy't soms mear as twa kear safolle weagje kinne as haaien út oare famyljes dy't like grut binne. De measte soarten hjerringhaaien hearre ta de fluchst swimmende fisken dy't der binne; inkeld de wite haai is trager fanwegen syn grutte omfang.
Klassifikaasje
famylje hjerringhaaien (Lamnidae) skaai breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus) † breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) † heaktoskmakrielhaai (Cosmopolitodus planus) † skaai echte hjerringhaaien (Lamna) fiifkanthjerringhaai (Lamna quinquelateralis) † grinshjerringhaai (Lamna marginalis) † hectorhjerringhaai of Hectors hjerringhaai (Lamna hectori) † hjerringhaai of noashaai (Lamna nasus) kylhjerringhaai (Lamna carinata) † mindere hjerringhaai (Lamna attenuata) † salmhaai (Lamna ditropis) trigerhjerringhaai of Trigers hjerringhaai (Lamna trigeri) † trijehoekhjerringhaai (Lamna trigonata) † skaai echte makrielhaaien of makohaaien (Isurus) Desorimakrielhaai (Isurus desori) † Flaamske makrielhaai (Isurus flandricus) † foarrinnermakrielhaai (Isurus praecursor) † koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus) langfinmakrielhaai (Isurus paucus) lytse makrielhaai (Isurus minutus) † Nakaminatomakrielhaai (Isurus nakaminatoensis) † rameshmakrielhaai of Ramesh' makrielhaai (Isurus rameshi) † skaai grutbekmakrielhaaien (Lamiostoma) † beljajevhaai of Beljajevs haai (Lamiostoma belyaevi) † stolarovhaai of Stolarovs haai (Lamiostoma stolarovi) † skaai gruttoskwoartelhaaien (Macrorhizodus) † Amerikaanske gruttoskwoartelhaai (Macrorhizodus americanus) † nolfhaai of Nolfs haai (Macrorhizodus nolfi) † skaai karteltoskhjerringhaaien (Carchariolamna) † heronkarteltoskhjerrinhaai of Herons karteltoskhjerringhaai (Carchariolamna heroni) † skaai karteltoskmakrielhaaien (Carcharomodus) † karteltoskmakrielhaai (Carcharomodus escheri) † skaai Lethenhaaien (Lethenia) † Lethenhaai (Lethenia vandenbroecki) † skaai makrielhjerringhaaien (Isurolamna) † bajarūnashaai of Bajarūnas' haai (Isurolamna bajarunasi) † blastige makrielhjerringhaai (Isurolamna inflata) † oanbesibbe makrielhjerringhaai (Isurolamna affinis) † ranke makrielhjerringhaai (Isurolamna gracilis) † skaai minskehaaien (Carcharodon) caifassiminskehaai of Caifassi's minskehaai (Carcharodon caifassii) † hubbellminskehaai of Hubbells minskehaai (Carcharodon hubbelli) † reuzeminskehaai (Carcharodon plicatilis) † wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias) skaai punttoskmakrielhaaien (Karaisurus) † punttoskmakrielhaai (Karaisurus demidkini) † skaai ravenshaaien (Corax) †
Kategory:Kreakbienfiskefamylje Kategory:Makrielhaai