De wite haai (wittenskiplike namme: Carcharodon carcharias), ek wol minskehaai neamd, is in haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan mear as 8 m berikke, en dêrmei is it de grutste moderne rôffisk (hoewol't der gruttere fossilen weromfûn binne). Wite haaien komme foar deunby it oerflak yn wetters fan tuskenbeiden oant waarme temperatuer. Se libje by de kusten lâns en yn iepen see yn alle trije oseänen en de Middellânske See, mar ûntbrekke yn 'e seeën fan 'e poalstreken.

Wite haaien steane yn see oan 'e top fan it fiedingskeatling en hawwe as natuerlike fijân inkeld de orka. De wite haai is berucht om't er ferantwurdlik is foar de measte oanfallen op minsken, al liket it dêrby foar it meastepart om misidentifikaasje (fan minsken as seesûchdieren) te gean of om in út 'e hân rûne nijsgjirrigens. Nettsjinsteande de ynkorrekte ynformaasje dy't horrorfilms as Jaws de wrâld ynholpen hawwe, binne minsken beslist net de favorite proai fan wite haaien. Krektoarsom: troch bejaging troch minsken is de wite haai mei de status "kwetsber" opnommen yn 'e Reade List fan 'e IUCN.

Wittenskiplike namme De Sweedske biolooch Carolus Linnaeus joech de wite haai yn 1758 syn earste wittenskiplike namme, Squalus carcharius. De namme carcharius kaam fan it Grykske wurd karcharos, dat "skerp" en/of "kartele" betsjut, en ferwiist nei de kartele tosken fan it bist. Yn 1833 pleatste de Britske soölooch sir Andrew Smith de wite haai yn it skaai Carcharodon, wêrfan't er ynsafier bekend de iennichste oant yn 'e moderne tiid oerlibjende soarte is. Carcharodon komt fan 'e Grykske wurden karcharos ("skerp" en/of "kartele") en odous, dat "tosk" betsjut.

Oarsprong De wite haai ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm yn it Mid-Mioseen, en de ierste fossilen datearje fan dy tiid, likernôch 16 miljoen jier lyn. Hoe't de soarte him krekt ûntwikkele hat, is lykwols noch altyd in striidkwestje. De oarspronklike teory wie dat de wite haai nau besibbe wie oan 'e megalodon, in haaiesoarte mei tosken dy't op it earste gesicht sterk op dy fan 'e wite haai lieken, mar dy't folle grutter wiene. Hoewol't de kreakbienskeletten fan haaien net fossilisearje, waard oan 'e hân fan 'e grutte fan 'e tosken skatten dat de megalodon 18 m lang wie. Fanwegen de ekstreme lichaamlike grutte fan beide soarten en ûnderskate oare oerienkomsten waard de megalodon as Carcharodon megalodon yn itselde skaai as de wite haai yndield.

Nije ynsichten wolle lykwols hawwe dat de wite haai en de megalodon folle minder nau besibbe binne as earder tocht waard, hoewol't se noch wol beide ta it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) rekkene wurde. Ynstee wurdt no tocht dat wite haai folle nauwer besibbe is oan 'e fossile breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis), in teory dy't ûnderstipe liket te wurden troch de ûntdekking, yn 1988 (mar publisearre yn 2012), fan 'e fossilisearre kaken mei 222 tosken en 45 wringebonken fan 'e útstoarne soarte hubbellminskehaai (Carcharodon hubbelli). Yn 'e nije teory wurdt de megalodon yn it skaai karteltoskhaaien (Carcharocles) pleatst, yn 'e famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae).

Fersprieding Algemien foarkommen De wite haai komt foar yn hast alle wetters by de kust lâns en yn iepen see dy't in temperatuer hawwe fan tusken de 12 en 24 °C. Dat omfiemet de Atlantyske Oseaan, de Stille Oseaan en de Yndyske Oseaan, mar net de Noardlike Iissee of de Súdlike Oseaan (útsein de súdkust fan Austraalje en de Grutte Australyske Bocht). Wite haaien komme ek foar yn binnenseeën, lykas de Middellânske See, de Reade See, de Perzyske Golf, de seeën tusken de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel, de Japanske Binnensee, de Beringsee, de Golf fan Kalifornje, de Golf fan Meksiko en de Karibyske See. De populaasjes wite haaien binne lykwols konsintrearre oan 'e kusten fan Nij-Ingelân en Kalifornje yn 'e Feriene Steaten, Hawaï en Fidzjy en oare eilânsteaten yn 'e Stille Súdsee, Queenslân en Nij-Súd-Wales yn Austraalje, en fierders Súd-Afrika, Sily, Japan en guon dielen fan 'e Middellânske See.

Ien fan 'e tichtstbefolke gebieten, wat wite haaien oangiet, is it eilantsje Dyer foar de Súdafrikaanske kust, dêr't hast alle wittenskiplik ûndersyk nei de bisten ferrjochte wurdt. Neffens ûndersyk út 2006 migrearret de populaasje wite haaien foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân hinne en wer nei Hawaï, dêr't se dan likernôch hûndert dagen bliuwe ear't se weromkeare nei Kalifornje. In wite haai dy't yn Súd-Afrika fan in beaken foarsjoen wie, swom binnen in jier hinne en wer nei de kust fan Súd-Austraalje, wylst in oarenien yn njoggen moannen út Súd-Afrika nei de noardwestkust fan Austraalje en werom swom, in reis fan 20.000 km. It is noch ûndúdlik wat de bisten driuwt om sokke fiere reizen te meitsjen; saakkundigen tinke oan seizoensbûne itensboarnen of fuortplanting. In ûndersyk út 2013 wiisde út dat de populaasje wite haaien by Kalifornje, Hawaï en it Meksikaanske eilân Guadalupe genetysk ôfwykt fan oare populaasjes dêr't blykber al langere tiid gjin kontakt mear mei west hat.

Uterlike skaaimerken Lichemsfoarm Wite haaien hawwe in streamline foarm, dy't begjint mei in spitse snút en dêrwei yn floeiende foarm fertsjûket ta in rûne romp dy't fierder nei efteren wer fertinnet ta in spitse sturt. De snút is robúst, grut en rûn, en einiget yn in punt. De iennichste útstulpings binne de beide lange boarstfinnen, de omheech en omleech útstykjende grutte sturtfinnen, de lytse efterste rêchfin en earsfin (oan 'e búkkant) en de mânske, rjocht omheech stekkende foarste rêchfin. As men dy rêchfin yn profyl (fansiden ôf) sjocht, krommet de foarkant stadichoan nei efteren, wylst de efterkant fan 'e punt ôf min ofte mear fertikaal nei de rêch rint. Oan it wetteroerflak of yn ûndjip wetter stiket de foarste rêchfin fan 'e wite haai boppe wetter út, wat in foar minsken eangstoanjeiende oankundiging fan 'e oanwêzigens fan it bist wêze kin.

De wite haai hat in wite ûnderkant en in grize (of soms brúngrize of blaugrize) boppekant. Dat hjit tsjinkleuring, en it helpt om it bist ûnder wetter te ferbergjen foar sawol fijannen as proaidieren: as men fan boppen út it ljocht it tsjuster ynsjocht, sjocht men del op it grize boppeliif, wylst men, as men fan ûnderen út it tsjuster nei it ljocht omheechsjocht, opsjocht nei it wite ûnderliif. It gebit fan 'e wite haai bestiet út in grut tal fjoerskerpe, kartele tosken, dy't by hinne en wer bewegen as it blêd fan in seage troch it fleis fan in proai hinne geane. Efter dy tosken hawwe wite haaien, krekt as in protte oare soarten haaien, rigen oare tosken, dy't ree binne om ien fan 'e tosken út 'e haadrige te ferfangen mocht dy ôfbrekke. Yn 2008 waard by in ûndersyk fêststeld dat in grutte wite haai in bytkrêft hat fan mear as 18.000 newton.

Lichemsgrutte Wyfkes binne grutter as mantsjes. Folwoeksen mantsjes binne 3.50 oant 4.00 m lang as se geslachtsryp wurde, en wyfkes 4.50 oant 5.00 m. Beide geslachten groeie dêrnei noch troch. Yn trochsneed binne folwoeksen wite haaien 4.00 oant 5.20 m lang mei in gewicht fan 680 oant 1.100 kg. Op it punt fan 'e maksimale grutte fan wite haaien is sprake fan in beskate kontroverse omt der ferslaggen binne fan gruttere eksimplaren wêrfan't de lingte troch omstannichheden inkeld skatten (ynstee fan sekuer opmetten) wurde koe en fan mjittings dy't ûnder twifelige omstannichheden plakfûn hawwe.

Sa waard yn 'e 1870-er jierren in wite haai by Port Fairy, foar de kust fan 'e Australyske steat Fiktoaria, fongen dy't 10.90 m lang west hawwe soe en rekke yn 'e 1930-er jierren ien ferstrikt yn fisknetten foar de kust fan 'e Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk, dy't 11.30 m lang west hawwe soe. Hjoeddeistige ûndersikers loeken dy sifers yn twifel om't se sa fier boppe de wenstige lingte fan 'e bisten út stieken. It fraachstik fan 'e haai fan Port Fairy waard yn 'e 1970-er jierren besljochte, doe't saakkundige J.E. Randall de kaken fan it bist ûndersocht en oan 'e hân dêrfan fêststelde dat er net langer west hawwe koe as 5 m. Fan 'e haai út Nij-Breunswyk wurdt oer it algemien oannommen dat it net in wite haai wie, mar in misidentifisearre reuzehaai (in ûngefaarlike planktonsever), dy't kwa lichemstype wol wat liket op in wite haai, oant men yn 'e bek sjocht, dêr't gjin tosken yn sitte.

Neffens J.E. Randall wie de grutste, sekuer opmetten wite haai wêrfan't it mjittingsproses sûnder mear as betrouber beskôge wurde kin, in eksimplaar dat yn 1987 by Ledge Point yn West-Austraalje ûndersocht waard, mei in lingte fan 6.00 m. In oare wite haai, dy't yn augustus 1988 troch David McKendrick út Prins Edwardeilân yn 'e Saint Lawrencebaai fongen waard, meat 6.10 m en dy mjitting waard ferifiëarre troch it Kanadeesk Haaie-ûndersykssintrum (CSRC). Ferskate ekspêrs hawwe fierders de mjitting fan in eksimplaar fan 6.40 m lang en 3.324 kg swier dat yn 1945 yn Kuba fongen waard, foar betrouber oannommen. Yn april 1987 waard by Kangoeroe-eilân, foar de kust fan Súd-Austraalje, in eksimplaar sjoen dat nei skatting teminsten 7.00 m lang wie, wylst yn april fan datselde jier by Malta in eksimplaar fongen waard wêrfan't de lingte op 7.13 m rûsd waard. Fan beide eksimplaren waard letter troch saakkundigen dy't der net direkt by belutsen wiene, útholden dat se folle lytser wiene (5.80-6.40 m, resp. 5.30-5.70 m), mar fotografysk bewiismateriaal suggerearret dat se dúdlik grutter wiene.

Biotoop De wite haai is in rôfdier dat him sawol oan 'e kust as yn iepen see op syn gemak fielt. Hy komt nei de kust ta om't dêr in protte fan syn itensboarnen binne. Yn iepen see is registrearre hoe't er oan in djipte fan teminsten 1.200 m ta dûke kin. Nettsjinsteande dat bliuwt er it meastepart fan 'e tiid tichter by it wetteroerflak. Dat er him yn iepen see sa goed rêde kin, sprekt lykwols it tradisjonele byld tsjin dat dit bist in kustsoarte is.

Hâlden en dragen Sosjale ynteraksje It hâlden en dragen en de sosjale hierargy fan wite haaien wurdt noch net goed begrepen. Yn Súd-Afrika liket de hierargy benammen te krijen te hawwen mei geslacht, lichemsgrutte en bewenning: wyfkes dominearje mantsjes, gruttere bisten dominearje lytseren, en bisten dy't al in skoft yn in krite tahâlde, dominearje nijynkommelingen. As se by de jacht soartgenoaten tsjinkomme, losse wite haaien ûnderlinge konflikten almeast op troch rituelen en fertoan, ynstee dat se har taflecht nimme ta it brûken fan geweld. Dat lêste komt skynber mar komselden foar, om't it noch nea waarnommen is, mar der binne wol yndividuën dy't groeden hawwe fan bytwûnen fan oare haaien, dat hielendal ûnbesteand kin it ek wer net wêze. Gruttere wite haaien hâlde en drage har soms wol tige agressyf foar lytsere soartgenoaten oer; sa waard yn 2009 by Brisbane yn Queenslân in wite haai fan 3 m hast midstwa biten troch ien fan hast 6 m. By sokke gefallen giet it lykwols net om it fêststellen fan dominânsje, mar om kannibalisme.

Wite haaien binne oer it algemien tige nijsgjirrige bisten, dy't ek in sosjale kant hawwe. By Seehûneilân, yn Súd-Afrika, komme en geane guon fan harren op jierlikse basis yn stabile 'clans' fan twa oant seis yndividuën. It is ûndúdlik oft dat famyljegroepen binne. Saakkundigen ferlykje de sosjale rangoarder yn sa'n clan mei dy yn in ridel wolven, mei't elts lid in dúdlike rang hat en eltse clan in alfalieder hat. As leden fan ferskillende clans inoar foar it earst moetsje, stelle se troch in breed skala oan freedsume ynteraksjes fêst wa fan beide oft dominant is. In ûnderdiel dêrfan is 'spegeljen', wêrby't se njonkeninoar swimme om inoars lingte yn ferhâlding ta harren eigen op te nimmen.

Spy-hopping en breaching