Saint-Lô, faak ek as Saint Laud oanjûn, is in Frânske stêd en prefektuer fan it departemint Manche yn 'e regio Normandje. It is de haadstêd fan it arrondisement mei deselde namme.
Skiednis It histoaryske plak droech yn 'e Romeinsk-Gallyske tiid ynearsten de namme Briovère of ek Briovera, wat yn 'e Keltyske taal soksawat as "brêge oer de Vire" betsjut. Yn it jier 56 foar Kristus besetten de Romeinen ûnder oanfiering fan Quintus Titurius Sabinus it plak. De delsetting krige yn 'e 6e iuw de namme Saint Laud, neffens de namme fan biskop Laudo of Ladues fan Coutance, dy't yn Saint-Lô wenne en dêr ek begroeven waard.
Ferneatiging thumb|left|De ruïnes fan Saint-Lô. Doe't op 6 juny de Operation Overlord begûn, fûnen de alliearden it needsaaklik om de foar de Dútsers wichtige stêd Saint-Lô te ferneatigjen. It slagge loftienheden net de befolking mei fluchskriften te warskôgjen en yn 'e nacht fan 6 op 7 juny waard Saint-Lô foar in grut part ferneatige, wêrby't 352 boargers omkamen. Op 17 july folgen bombardeminten fan 'e Dútsers, dy't harren posysje yn it suden fêst wisten te hâlden. In Amerikaanske trochbraak waard ynearsten beheind troch it net mear begeanbere gebiet en pas op 29 juny koe Major Howie mei de 29e divyzje oanfalle. Oant 24 july waard der noch yn 'e strjitten fan Saint-Lô fochten. Doe't der in ein oan 'e striid kaam wie 97% fan 'e stêd mei de grûn lyk makke. De stêd is ien fan 'e 64 Frânske plakken dy't ûnderskieden is mei de Légion d'honneur, de heechste eare-ûnderskieding fan Frankryk. Ek waard de stêd mei it Croix de Guerre ûnderskieden.
Nei de kriich Samuel Beckett neamde de teheistere stêd yn in net útstjoerde radiorapportaazje foar de Ierske sender Éireann de "Capital of the Ruins". Utstellen om de stêd sa te litten en in pear kilometer fierder in hiele nije stêd op te bouwen koene net op meiwurking fan 'e gemeente en befolking rekkenje. Stadichoan waard de stêd wer opboud en kriichsfinzen Dútsers moasten dêrby helpe.
Befolkingsûntwikkeling jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2011 2018Ynwenners 15.388 18.615 23.221 23.212 21.546 20090 18.874 19.024
It besjen wurdich De Haras national de Saint-Lô is in stoeterij dy't op in skiednis fan twa iuwen werom giet. De stoeterij waard yn 1806 troch Napoleon Bonaparte stifte op it gebiet fan 'e eardere abdij fan Sainte-Croix. De earste stien foar de stifting fan 'e hjoeddeiske gebouwen eastlik fan it stedssintrum waard yn 1884 lein. De stoeterij waard by it bombardemint op de stêd fan 6 juny 1944 ferneatige, mar nei de Twadde Wrâldkriich wer sa oarspronklik mooglik rekonstruearre. It âldste gebou fan 'e stêd is de Église Sainte-Croix, dy't yn 1204 wijd waard. De goatyske Notre-Dame fan Saint-Lô waard yn 1944 hast folslein ferneatige, mar de noch besteande âlde dielen binne mei boudielen yn moderne styl oanfolle. Fan it kastiel fan Saint-Lô bleaune allinne dielen fan 'e fêstingwurken stean. Westlik fan 'e stêd stiet oan 'e Vire it 14e-iuwske Château de la Vaucelle. Musea Musée des Beaux-Arts de Saint-Lô (keunstmuseum); Musée du bocage normand (lânboumuseum); Musée typographique (museum oer de drukkeunst), 562 rue Jules-Vallès.
Ofbylden
Kategory:gemeente yn Frankryk Kategory:plak yn Frankryk Kategory:gemeente yn Manche Kategory:plak yn Manche