American Pie 2 is in Amerikaanske gross-out-komeedzjefilm út 2001 ûnder rezjy fan James B. Rogers, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Thomas Ian Nicholas, Seann William Scott, Chris Klein en Eddie Kaye Thomas. De film is it twadde diel fan 'e American Pie-filmsearje en as sadanich it ferfolch op 'e súksesfolle komeedzje American Pie, út 1999. It ferhaal folget de brike eksploaten fan 'e fiif freonen Jim, Kevin, Oz, Finch en Stifler as se nei harren earste jier oan 'e universiteit foar de simmer in strânhûs hiere oan 'e igge fan 'e Michiganmar, dêr't se in grut feest organisearje wolle. American Pie 2 krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2003 waard in trêde film yn deselde rige útbrocht, American Pie 3: The Wedding.
Plot Nei it earste jier studearre te hawwen oan ferskillende universiteiten, keare de haadpersoanen in jier nei de foarfallen út American Pie foar de simmerfakânsje werom yn harren wenplak East Great Falls, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Jim Levenstein is noch altyd deselde knoffelige omkoal fan altyd. Oan 'e ein fan it jier hat er einlings en te'n lêsten in famke, Natalie, op bêd witten te krijen, mar harren aktiviteiten tusken de lekkens waarden noch foar't se goed en wol begjinne koene, ûnderbrutsen troch de oankomst fan Jim syn heit Noah. Dy hie fan 'e konsjerzje de kaai fan Jim syn studintekeamer liend om him te ferrassen, en dat slagge treflik. Om 'e fernedering kompleet te meitsjen rûnen doe ek noch Jim syn mem en Natalie har âlden de keamer yn.
Kevin Myers swetst tsjin syn maten dat er "it" it ôfrûne jier mei wol trije ferskillende famkes dien hat, mar dat binne klearebare leagens, mei't er Vicky, syn faam fan 'e middelbere skoalle, mar net ferjitte kin. Mei har hat er oan 'e ein fan it eksamenjier ien kear op bêd west, wêrnei't sy de ferkearing útmakke om't se nei ferskillende universiteiten soene en lange-ôfstânsrelaasjes neffens har nea wurkje (sjoch: American Pie). Chris Ostreicher, byneamd Oz, hat noch altyd ferkearing mei syn Heather en is suver mislik meitsjende gelokkich mei har. En aparteling Paul Finch, in leafhawwer en útdrager fan 'e hegere kultuer, hat no gjin problemen mear om famkes te fersieren, mar kin syn nacht mei Stiflers mem (de mem fan syn eardere klasgenoat Steve Stifler) mar net ferjitte.
Werom yn East Great Falls besykje de fjouwer freonen in feest dat holden wurdt troch Stifler yn 'e filla fan syn rike famylje. Kevin sjocht dêr Vicky wer, dy't tsjin him seit dat it sa moai is dat se freonen bleaun binne nei't sy it útmakke hie en dat se bliid is dat it no net 'raar' is tusken harren. Kevin jout hat folslein gelyk. In oare eardere klasgenoat, Chuck Sherman, dy't himsels in alter ego oanmetten hat as 'The Sherminator' (in wurdboarterij op 'e Terminator), in "seksrobot út 'e takomst dy't werom yn 'e tiid reizge is om froulju te befredigjen", wurdt troch Jessica, de bêste freondinne fan Vicky, ta de oarder roppen en oantrune om dat bernige hâlden en dragen noris oer te jaan, om't er der nea in frou mei op bêd krije sil. Stifler sels lit him troch in famke oerjitte mei sjampanje (tinkt er), mar ûndergiet eins in golden shower as John, in oare âld-klasgenoat mei hege need, sûnder euvelmoed oer de râne fan it balkon pisset. It feest komt ta in foartidige ein as de buorlju omreden fan 'e lûdsoerlêst de plysje skilje.
Op inisjatyf fan Kevin, dy't dêrta ynspirearre wurdt troch in petear mei syn âldere broer Tom, hiere hy, Jim, Oz en Finch foar de simmer in strânhûs yn Grand Harbor, oan 'e igge fan 'e Michiganmar. Om't it oars net út kin mei de kosten, wurdt Stifler dêr ek yn behelle, hoewol't de oare fjouwer him eins net lije meie. Om oan jild te kommen, nimme de jonges in fakânsjebaantsje oan as hûsfervers.
Jim kriget in tillefoantsje fan Nadia, de Slowaakske útwikselingslearlinge mei wa't er in jier lyn hast op bêd rekke wie (sjoch: American Pie). Hja hawwe kontakt holden fia it ynternet, en se fertelt him dat se de simmerfakânsje trochbringt mei in rûnreis troch de Feriene Steaten. Oan 'e ein fan 'e simmer sil se by him delkomme yn Michigan. Jim wurdt fuortendaliks al senuweftich as er dat heart, want hy beseft dat er in werkânsing kriget en dat it diskear beslist barre moat. Underwilens docht Kevin alle war om oan it ferline fêst te hâlden, troch allegeduerigen mei Vicky om te gean. Har freondinne Jessica sjocht persiis wat der geande is, mar Vicky mient mar dat Kevin it krekt sa moai fynt as sysels dat se no freonen binne. Oz makket in minne tiid troch, want syn freondinne Heather is op fakânsje yn Spanje. Se besykje harren relaasje geande te hâlden mei tillefoanseks, mar dat rint op 'e non as bliken docht dat Stifler meiharket. En Finch heart Stifler tsjin ien oan 'e tillefoan praten dy't blykber oan 'e ein fan 'e simmer delkomme sil yn Grand Harbor. Hy nimt daliks en sûnder logyske reden oan dat it Stiflers mem wêze moat, en begjint seksuele ûnthâlding troch tantryske oefenings te praktisearjen om him op har komst ta te rieden.
Stifler sels is noch altyd deselde troch seks obsedearre gleonkert fan altyd. As er ûntdekt dat yn it hûs dat hy en de oaren fervje moatte, twa kreaze jonge froulju wenje, Danielle en Amber, rekket er derfan oertsjûge dat it lesbiënnes wêze moatte. Om't er himsels net ynhâlde kin, kringt er, nei't de fammen harren ôfjûn hawwe, it hûs yn om bewizen foar syn teory te finen. Jim en Finch geane him efternei om him werom te heljen, mar as de froulju ûnferwachts wer thúskomme, moatte de jonges harren yn ien fan 'e sliepkeamers ferskûlje. Lang om let wurde se trappearre, en dan moat Jim de hiele gong fan saken opbychtsje. Danielle en Amber, dy't de jonges in leske leare wolle, biede oan om 'e plysje derbûten te hâlden en de jonges sjen te litten wat lesbiënnes mei-inoar dogge, op betingst dat sysels tasjen meie as de jonges sjen litte wat jonges mei-inoar dogge. Bûtendoar harkje Oz en Kevin mei grutte eagen mei fia Jim syn walkie-talkie, mar it docht bliken dat de frekwinsje in protte yn gebrûk is, sadat ek it personiel fan in fastfoodrestaurant, de pleatslike sheriff en syn helpsheriffs, in passearjende frachtweinsjauffeur en in heit dy't de boarterswalkie-talkie fan syn jonge soan yn beslach nimt, mei reade earkes meiharkje kinne. As Danielle en Amber úteinlik, nei ferskate ûnskuldiger easken, wolle dat Stifler himsels troch Jim en Finch masturbearje lit, is Stifler ree om himsels 'op te offerjen' om te sjen wat de froulju dêr foaroer stelle, mar Jim en Finch heakje fol walging ôf, ta hilariteit fan 'e 'lesbiënnes'.
Om syn selsfertrouwen op te bouwen yn oanrin nei it besyk fan Nadia, giet Jim nei it simmerkamp foar leden fan muzykkorpsen fan middelbere skoallen dêr't er Michelle Flaherty opsiket. Dat is it famke mei wa't er in jier lyn úteinlik àl mei súkses op bêd slagge is (sjoch: American Pie). It is syn bedoeling dat sy him gerêststelle sil oer syn seksuele prestaasje, mar ynstee blaft se derút dat er in alderberoerdste minner wie. As se sjocht hoe't se him dêrmei op it sear komt, biedt se oan om it goed te meitsjen troch him oer in pear wiken, as it muzykkorpskamp fierhinne ôfrûn is, te helpen om in bettere minner te wurden troch him te learen wat froulju lekker fine. By syn besyk oan it muzykkorpskamp, dêr't de dielnimmers gjin willekeurige besite fan bûtenôf ûntfange meie, wurdt Jim oansjoen foar in gastmuzikant dy't Petey hjit en de tromboane spilet. Troch omstannichheden wurdt er twongen himsels te fernederjen as er, as Petey, in solo spylje moat foar in hiel auditoarium fol publyk, wylst er noch nea in tromboane fêstholden hat.
Stifler hiert foar himsels en syn fjouwer maten by in pleatslike fideoteek pornofilms, sadat se allegear wer mei harsels yn it reine komme kinne nei de dingen dy't de 'lesbiënnes' harren dwaan litten hawwe. As Jim dy jûns op syn keamer risselwearret om himsels ûnder it besjen fan 'e film ôf te lûken, pakt er by fersin net de klearlizzende tube glydmiddel, mar in tube sekondelym dy't er earder brûkt hat, en limet er by ûngelok syn hân fêst oan syn penis. As er sûnder nei te tinken de film út 'e fideorecorder hellet en de VHS-fideobân mei de oare hân beetkriget, limet er dy dêrmei oan syn hân fêst. Sûnder hannen blykt er de rûne doarkruk fan syn keamer net betsjinje te kinnen, dat dêrom klimt er út it finster om oer it dak fan 'e weranda in wei nei ûnderen te sykjen, sadat er de terpentine fan it ferversark brûke kin om syn probleem (letterlik) op te lossen sûnder dat immen der ea weet fan hawwe sil. As in buorfrou him dêr mei de hân yn 'e ûnderbroek omslûpen sjocht, skillet se lykwols de plysje, dy't mei grut materieel úttsjocht en him oarderet beide hannen omheech te stekken. As ta ultime fernedering fan Jim en grutte hilariteit fan 'e oaren, benammen Stifler, blykt wat der oan 'e hân is, wurdt er mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht foar behanneling. Syn heit wurdt der ek by helle, om him letter wer nei it strânhûs werom te bringen. Neffens de dokter sil Jim him teminsten in wike lang fan eltse seksuele aktiviteit ûnthâlde moatte om syn penis de tiid te jaan te genêzen.
Grut is dan ek Jim syn konsternaasje as de oare deis Nadia folle earder as ferwachte by it strânhûs foar de doar stiet. Om't er te beskamme is om har út te lizzen wat der bard is, giet er nei Michelle om help. Sy biedt oan om te bearen as oft sy en Jim ferkearing hawwe. Fansels kin Nadia dan net ferwachtsje dat er mei har op bêd giet. As Jim syn penis wer hielendal boppe Jan is, sille Jim en Michelle yn it bywêzen fan Nadia daverjende rûzje krije, wêrnei't Michelle it mei him 'útmeitsje' sil. Sadwaande bringe Jim en Michelle in wike mei-inoar troch, en yn dy tiid besiket sy syn seksueel kinnen wat by te spikerjen oangeande it praten tsjin, en tútsjen en streakjen fan famkes. As Jim genêzen is, makket Michelle, lykas ôfsprutsen, it mei him út yn it bywêzen fan Nadia, al falt dat har swier om't se it eins tsjin it sin docht. Underwilens kriget Finch ek in rare ôfdijer te ferwurkjen as bliken docht dat dejinge mei wa't Stifler ôfpraat hie net syn mem is, mar syn jongere broer Matt.
Op it grutte feest dat de fiif jonges oan 'e ein fan 'e fakânsje yn it strânhûs organisearje, wurdt Oz einlings en te'n lêsten weriene mei Heather, dy't betider as ferwachte weromkommen is út Spanje. Kevin rekket der hielendal ôf as Vicky op it feest arrivearret mei in nije frijer. Syn trije maten moatte in skoftke op him ynprate, oant er beseft dat er it ferline loslitte moat om't wat west hat nea weromkomme sil. Neitiid fermoedsoenet er him mei Vicky, dy't him freget oft er leaver gjin freonen mear mei har wêze wol. Kevin antwurdet lykwols dat er leaver freonen mei har is as dat er har hielendal net yn syn libben hat. Finch sammelet mei syn djipsinnich praat in hiele sirkel fan tsjeppe fammen om him hinne, mar hy kin allinne mar oan Stiflers mem tinke, en lit it mei de famkes net fierder komme as praten. Stifler moetet op it feest de beide 'lesbiënnes' Danielle en Amber wer, dy't hielendal gjin lesbiënnes blike te wêzen, en rekket mei harren op bêd foar in triootsje.