Eure is ien fan de fiif Normandyske departeminten yn it noarden fan Frankryk. De namme is ûntliend oan de rivier de Eure, dy't troch it departemint streamt.
Skiednis Eure is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn de tiid fan de Frânske Revolúsje stifte binne. Foarhinne hearde Eure by de provinsje Normandje.
Nei de Slach by Waterloo waard Eure tusken juny 1815 en novimber 1818 beset troch Prusyske troepen.
Eure wie ien fan de departeminten, wêr't nei de steatsgreep fan Karel Loadewyk Napoleon de needtastân ôfkundige waard om ferset tsjin it post-republikeinske rezjym tefoarren te kommen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard it departemint by de Operation Overlord yn tsien dagen tiid troch de alliearden befrijd.
Geografy Eure makket diel út fan de regio Normandje en wurdt omklamme troch de departeminten Seine-Maritime, Oise, Val-d'Oise, Yvelines, Eure-et-Loir, Orne en Calvados.
It departemint bestiet út seis mei in soad bosk oerdutsen heechflaktes, dy't trochsnien wurde troch de delte fan de Seine en in stikmannich sydrivieren.
De hichte fan it gebiet ferskilt fan om en de by it seenivo yn it noarden oant 248 boppe seenivo yn it suden.
Bestjoerlike yndieling It departemint Eure is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 23 kantons en 585 gemeenten.
Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Les Andelys 235.319 1.825,95 129 9 185 Bernay 226.533 3.247,75 70 9 297 Évreux 138.110 960,68 44 7 103 Eure (departemint) 599.962 6.034,38 99 25 585
Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwenners 361.943 383.385 422.952 462.254 513.818 541.054 577.087 601.948 599.962 Boarnen: Cassini en INSEE
Stêden
De grutste plakken yn it departemint wat ynwennertal oanbelanget binne:
Stêd Ynwennertal 2018 Arrondissemint Évreux 46.707 Évreux Vernon 23.777 Évreux Louviers 18.348 Les Andelys Val-de-Reuil 13.114 Les Andelys Gisors 11.674 Les Andelys Pont-Audemer 10.120 Bernay Bernay 9.951 Bernay Les Andelys 8.092 Les Andelys Verneuil-sur-Avre 7.854 Évreux Gaillon 6.892 Les Andelys
Ofbylden
Keppeling om utens Prefektuer Eure
Kategory:Departemint fan Normandje Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790 Kategory:Normandje