American Sniper is in Amerikaansk biografysk histoarysk oarlochsdrama út 2014 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen Bradley Cooper en Sienna Miller. De titel betsjut "Amerikaanske Slûpskutter". It ferhaal giet oer de ûnderfinings yn 'e Irakoarloch fan Chris Kyle, in slûpskutter fan 'e Amerikaanske Marine, dy't fjouwer kear útstjoerd waard nei Irak en mei it befêstige deasjitten fan 255 opstannelingen de deadlikste slûpskutter waard yn 'e Amerikaanske militêre skiednis. De film wie basearre op Kyle syn autobiografy mei deselde namme. American Sniper krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, wûn yn 2015 de Oscar foar bêste lûdsmontaazje, en waard in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film joech lykwols oanlieding ta frijwat kontroverse omreden fan 'e ôfskildering fan 'e Irakoarloch en it personaazje fan in slûpskutter.

Plot Chris Kyle wurdt yn 'e 1970-er en 1980-er jierren grutbrocht op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Dêr leart er al jong om mei fjoerwapens om te gean en harten te sjitten by de jacht. Yn 'e 1990-er jierren is Kyle as folwoeksen man úteinset mei in wurkpaad as cowboy en rodeodielnimmer. Nei't er op 'e tillefyzje de ferslachjouwing sjocht oer de bomoanslaggen op 'e Amerikaanske ambassades yn Kenia en Tanzania troch Al-Qaida, wêrby't 224 deaden falle, fielt er him roppen om tsjinst te nimmen by de Amerikaanske Striidkrêften. De rekrutearringsofsier mei wa't er praat, riedt him oan om him op te jaan foar it trainingsprogramma fan 'e Navy SEALs, de kommando's fan 'e Amerikaanske Marine. Kyle trochstiet de leadswiere training en wurdt as SEAL útornearre om slûpskutter te wurden, om't er sa ûnbidige trefseker is.

Yn dyselde tiid moetet Kyle yn in bar deunby syn marinebasis de jonge frou Taya Studebaker, mei wa't er in relaasje kriget. Nei de oanslaggen op 9/11 wurdt syn ienheid yn 2003 foar it earst útstjoerd, nei Irak. Krekt foartiid trouwe hy en Taya. Yn 'e Irakoarloch binne de earste opstannelingen dy't Kyle deasjit in jonge fan in jier as tolve en in jonge frou, dy't in patrûlje fan it Amerikaanske Marinierskorps oanfalle wolle mei in Russyske anty-tankgranaat. Hoewol't er der earst bot mei ompakt, skoddet er de ûnderfining letter fan him ôf troch alle Irakezen as "barbaren" te sjen en eltsenien dy't him ferset tsjin 'e Amerikaanske militêre besetting fan it lân as "kweadoggers". Kyle is as slûpskutter tige súksesfol en kriget fanwegen it grutte oantal fijannen dat er deasjit fan 'e oare Amerikaanske troepen yn Irak al rillegau de bynamme "Legend" ("Leginde") taparte.

As syn ienheid op jacht is nei Al-Qaida-lieder Abû Mûsab al-Zarkawi, ûnderfreget Kyle op hurdhannige wize de húshâlding fan sjeik Al-Obeidi, dy't ûnder druk taseit om yn ruil foar jild de SEALs nei "De Slachter" te lieden, de ûnderbefelhawwer fan Al-Zarkawi. It plan rint alhiel mis as De Slachter yn ôfwêzigens fan 'e Amerikanen delkomt om wraak op Al-Obeidi te nimmen. As de SEALs weromkomme om 'e oerienkomst yn 'e praktyk te bringen, rinne se yn in mûklaach. Kyle, dy't neat dwaan kin om't er yn dekking fêstset wurdt troch in fijannige slûpskutter, moat tasjen hoe't de sjeik en syn jonge soan troch De Slachter fermoarde wurde. De fijannige slûpskutter is in Syrjer dy't himsels Mûstafa neamt en dy't earder in Olympyske medalje wûn hat yn it sportsjitten.

Net folle letter keart Kyle nei syn earste útstjoering werom nei de Feriene Steaten, dêr't syn frou Taya ûnderwilens op alle dagen rint. Yn 'e tiid dat er mei ferlof is, wurdt syn soan Colton berne. Taya merkt lykwols dat Kyle feroare is en allegeduerigen ôflaat wurdt troch syn ûnderfinings yn Irak. Se begjint oer him yn noed te sitten.

Oan it begjin fan syn twadde útstjoering nei Irak wurdt Kyle befoardere ta ûnderofsier. Syn ienheid makket jacht op De Slachter. De SEALs kringe it appartemint fan in Iraaksk gesin binnen dat útsjocht op in restaurant dat troch De Slachter as tydlike basis brûkt wurdt. As blykt dat de heit fan it gesin yn syn wente wapens ferberget, twingt Kyle him om 'e SEALs te helpen it restaurant binnen te kommen. Nei't dat slagge is, wurdt de heit lykwols troch de Amerikanen deasketten as er it gewear fan in sneuvele opstanneling oppakt. De Slachter naait út, mar Kyle besjit syn fuortridende auto, dy't dêrop ûntploft.

As Kyle nei syn twadde útstjoering thúskomt, is Taya krekt befallen fan in lyts famke. Kyle syn ferfrjemding fan syn gesin boazet lykwols almar fierder oan. Op syn trêde útstjoering nei Irak sjit Mûstafa in lid fan Kyle syn ienheid, Ryan "Biggles" Job, del, as dyselde fuort njonken Kyle stiet. Kyle fielt him dêr ferantwurdlik foar, mei't er syn maat krekt mei in petear ôflate fan 'e misje dêr't se mei oan 'e gong wiene. Biggles wurdt swierferwûne ôffierd nei de basis, mar as de SEALs beslute om fuortendaliks harren misje te ferfetsjen, wurdt in oar lid fan it team, Marc Lee, deasketten.

Wer thús driuwe Kyle en Taya fierder útinoar. Sy wol dat er ôfswaait út 'e marine, mar skuldgefoelens oer it lot fan Biggles, dy't yn it sikehûs by in operaasje komt te ferstjerren, twinge him om foar in fjirde útstjoering nei Irak werom te gean. Taya seit tsjin him dat it skoan wêze kin dat er thúskomme sil by in leech hûs.

Yn Irak wurdt Kyle tawiisd oan 'e jacht op Mûstafa, dy't hieltyd mear Amerikaanske slachtoffers makket. Dat is krekt de misje dy't er hawwe wol, om't er wraak nimme wol foar de dea fan Biggles. Syn ienheid wurdt temûk yn stelling brocht op it plat dak fan in gebou yn fijannich gebiet, dêr't se wei útsicht hawwe op leden fan it Amerikaanske Sjenykorps dy't in barrikade oan it bouwen binne. Mûstafa hat op dy lokaasje nammentlik al ferskate sjenysoldaten deasketten. As er wer ien omleit, sinjalearret Kyle him op in healwiis lange ôfstân fan 1.920 m. Hy beslút in skot te weagjen, ek al bringt er himsels en syn team dêrmei yn gefaar om't dat harren posysje ferriede sil oan 'e opstannelingen. Mei syn skot deadet er Mûstafa, mar syn posysje wurdt dêrnei bestoarme troch in grutte kloft opstannelingen. Midden yn 'e gaos skillet Kyle gûlend op in satellyttillefoan Taya op en seit dat er ree is om thús te kommen. Inkeld troch in ynfallende sânstoarm witte Kyle en syn ienheid oan 'e opstannelingen te ûntkommen. Sels wurdt er dêrby yn in skonk sketten en mist er suver it legerfiertúch dêr't se yn útnaaie. Syn skerpskuttersgewear bliuwt efter op it slachfjild.

Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten swaait Kyle ôf út 'e marine, mar troch in lichte foarm fan posttraumatysk stress-syndroom hat er muoite om him wer oan it boargerlibben oan te passen. Hy komt by in psychiater telâne dy't him befreget oer syn ûnderfinings yn Irak. Kyle fertelt de man dat it him hielendal net dwerssit dat er teminsten 255 Irakezen deasketten hat, om't dat fijannen en kweadoggers wiene. Wat him psychysk tramtearret, is dat er mei syn wurk as slûpskutter net mear Amerikanen rêde kinnen hat. De psychiater seit dat er in sikehûs fol swierferwûne feteranen hat dy't rêden wurde moatte, en Kyle stimt deryn ta om dêrby te helpen. Sa begjint er mei oare feteranen te wurkjen, en dêrtroch helpt er himsels ek. Stadichoan went er oan syn nije bestean en wurdt er wer de man mei wa't Taya oarspronklik troud is en in goede heit foar syn beide bern.

Jierren letter, op 2 febrewaris 2013, seit Kyle syn frou en bern goendei en ferlit er syn hûs om te wurkjen mei Eddie Ray Routh, in feteraan dy't swier oanhelle is mei posttraumatysk stress-syndroom. In tekst oan it begjin fan 'e ôftiteling makket dúdlik dat er letter dy deis troch Routh deasketten wurde soe. Wylst de ôftiteling begjint, wurde wiere argyfbylden fan syn lykprekaasje en begraffenis toand.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Chris Kyle Bradley Cooper Taya Kyle Sienna Miller

byrollen personaazje akteur/aktrise Marc Lee Luke Grimes Ryan "Biggles" Job Jake McDorman "D" Dandridge Cory Hardrict himsels Kevin "Dauber" Lacz sjeik Al-Obeidi Navid Negahban Jeff Kyle Keir O'Donnell Goat-Winston Kyle Gallner kaptein Martens Sam Jaeger Mustafa¹ Sammy Sheik "De Slachter"² Mido Hamada DIA-agint Snead Eric Close Squirrel Eric Ladin Wayne Kyle Ben Reed kaptein Gillespie Brian Hallisay kolonel Gronski Tim Griffin luitenant-kolonel Jones Chance Kelly sersjant-ynstrukteur Rolle Leonard Roberts Deby Kyle Elise Robertson Sara Marnette Patterson de jonge Chris Kyle Cole Konis de jonge Jeff Kyle Luke Sunshine Colton Kyle Max Charles predikant Troy Vincent Eddie Ray Routh Vincent Selhorst-Jones ¹) in personaazje dat foar in part basearre is op 'e Irakeeske slûpskutter Djûba²) in personaazje dat mooglik basearre is op Abû Deraä

Produksje en distribúsje Produksje Slûpskutter Chris Kyle skreau y.g.m. ghostwriters Scott McEwen en Jim De Felice in autobiografy mei de titel American Sniper, wêryn't er benammen yngie op syn ûnderfinings yn 'e Irakoarloch. It boek ferskynde begjin 2012 en yn maaie fan dat jier waarden de filmrjochten derop oankocht troch akteur en filmprodusint Bradley Cooper. Dyselde hie Chris Pratt yn gedachten om 'e rol fan Kyle te spyljen, mar filmstudio Warner Bros., dy't it projekt finansiere soe, woe inkeld meiwurkje as Cooper sels de haadrol op him naam.

Yn maaie 2013, in fearnsjier nei't Kyle fermoarde wie, waard bekendmakke dat Steven Spielberg de ferfilming fan syn autobiografy regissearje soe. Spielberg hie it boek lêzen en wie derfan ûnder de yndruk rekke, mar hy woe mear psychologysk konflikt hawwe en stelde foar om in fijannige slûpskutter ta te foegjen dy't mei Kyle yn in persoanlike fete behelle rekket. Spielberg liet op basis fan in kombinaasje fan 'e autobiografy en syn eigen ideeën in senario skriuwe dat mar leafst 160 siden besloech. Om't Warner Bros. lykwols beheinings oan it budget stelde, dat net mear $59 miljoen bedrage mocht, konkludearre Spielberg lykwols dat er de film net meitsje koe sa't er him yn 'e holle hie. Dêrom seach er ôf fan it projekt en sei op 5 augustus 2013 ôf as regisseur. Op 21 augustus fan datselde jier waard Clint Eastwood ree fûn om 'e film te regissearjen.

Eastwood wurke by American Sniper op basis fan in senario dat skreaun wie troch Jason Hall. Behalven as regisseur wied er ek as produsint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Cooper, Robert Lorenz, Andrew Lazar en Peter Morgan. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's Malpaso Productions, Village Roadshow Pictures, RatPac-Dune Entertainment, Mad Chance Productions en 22nd & Indiana Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tom Stern. De opnamen setten op 31 maart 2012 útein yn Los Angeles. Der waard ek filme op lokaasje yn Santa Clarita (Kalifornje), El Centro (Kalifornje), Seal Beach (Kalifornje) en Marokko (dat trochgie foar Irak).

Filmmuzyk Der waard op 'e ôftiteling fan American Sniper nimmen neamd dy't de filmmuzyk makke hie, mar sûnt Mystic River, út 2003, hat Clint Eastwood sels de soundtracks fan syn measte films makke, en foar American Sniper wie hy de komponist fan it muzykstik Taya's Theme. Joseph S. DeBeasi komponearre de restearjende filmmuzyk en waard op 'e ôftiteling fermelden as 'muzykeditor'. De soundtrack fan American Sniper omfettet ek it liet Someone Like You fan Van Morrison, dat te hearren is by de brulloftssêne, en it muzykstik The Funeral fan Ennio Morricone.

Distribúsje De distribúsje fan American Sniper waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 11 novimber 2014 yn premiêre op it AFI Fest fan it Amerikaansk Filmynstitút (AFI), wêrnei't er op 25 desimber fan dat jier iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. American Sniper kaam op 19 maaie 2015 út op dvd en blu-ray.

Untfangst