It Frânske departemint Eure-et-Loir is in departemint yn de regio Centre-Val de Loire. It leit sintraal yn it lân en is ferneamd nei de rivieren de Eure en Loire.
Geografy It departemint Eure-et-Loir grinzget yn it noarden oan it departemint Eure, yn it noardeasten oan it departemint Yvelines, yn it easten oan it departemint Essonne, yn it súdeasten oan it departemint Loiret, yn it suden oan it departemint Loir-et-Cher en yn it wêst oan de departeminten Sarthe en Orne.
It grutste diel fan it departemint falt ûnder it lânskip de Beauce, it westen ûnder de Perche. Beide rivieren dêr't it departemint nei ferneamd is hawwe harren boarne yn de Perche. Wylst de Eure yneasten nei it easten oant Chartres streamt en it departemint dan yn it noarden ferlit, ûntwettert de Loire it departemint nei it suden ta.
Skiednis It departemint waard op 4 maart 1790 oprjochte út it noardwestlike diel fan de provinsje Orléanais, it easten fan de Perche en in lyts diel fan it Île-de-France. Sûnt 1960 falt it ûnder de regio Centre, dy't yn 2016 de nije namme Centre-Val de Loire krige. Bestjoerlike yndieling It departemint Eur-et-Loir is te ferdielen yn 4 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 15 kantons en 365 gemeenten.
Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Chartres 209.270 2.147,67 97 8 148 Châteaudun 58.427 1.446,60 85 4 61 Dreux 128.924 1.512,96 85 5 108 Nogent-le-Rothrou 35.376 820,06 43 3 48 Eur-et-Loir 431.997 5.927,29 73 15 365 Stêden
De grutste plakken binne:
Stêd Ynwenners 2018 Arrondissemint Chartres 38.426 Chartres Dreux 30.664 Dreux Lucé 15.435 Chartres Châteaudun 13.078 Châteaudun Vernouillet 28.500 Dreux Mainvilliers 25.771 Chartres Nogent-le-Rothrou 9.610 Nogent-le-Rothrou Luisant 6.673 Chartres Lèves 5.743 Chartres Épernon 5.592 Chartres
Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwennertal 277.394 302.064 335.151 362.813 396.073 407.665 423.569 434.035 431.997 Boarnen: Cassini en INSEE Ofbylden
Keppeling om utens Prefektuer Seine-Maritime
Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790 Kategory:Sintrum-Loiredelling