It departemint Manche is yn fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. De haadstêd fan it departemint is Saint-Lô. It departemint is ferneamd nei It Kanaal, dat yn it Frânsk la Manche hjit.

Skiednis It departemint ûnstie as ien fan de 83 departeminten yn de Frânske Revolúsje. Oant 1796 wie Coutances de haadstêd fan it departemint. Om't Saint-Lô yn 1944 hast folslein platbombardearre wie, waard Coutances nei de Twadde Wrâldkriich op 'e nij foar in skoftke de prefektuer fan it departemint en dat bleau sa oant Saint-Lô wer opboud wie.

Geografy Oanbuorjende departeminten binne Calvados, Orne, Mayenne en Ille-et-Vilaine. Manche wurdt yn it westen, it noarden en it noardeasten omklamme troch It Kanaal. It noardlike part fan it departemint is in skiereilân dat Cotentin hjit. It departemint hat in kust fan 350 kilometer lang.

It UNESCO-wrâlderfgoed Mont Saint-Michel is foar toeristen oer de hiele wrâld bekend.

Bestjoerlike yndieling Manche is te ferdielen yn fjouwer arrondisseminten:

Avranches Cherbourg Coutances Saint-Lô

De arrondisseminten binne ûnderferdield yn meiïnoar 27 kantons en 446 gemeenten.

Demografy Untwikkeling ynwennertal departemint Manche:

De fiif grutste plakken binne: Cherbourg-en-Cotentin, Saint-Lô, Granville, La Hague en Coutances.

Ofbylden

Keppeling om utens Prefektuer departemint Manche

Kategory:Departemint fan Normandje Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790 Kategory:Normandje