De Jehannes de Dopertsjerke is in tsjerkegebou yn Raard yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

Skiednis thumb|left|Ynterieur (1943) De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Johannes de Doper en eigendom fan it kleaster Klaarkamp. It skip is fan reade kleastermoppen.

Fan de ienbeukige tsjerke mei trijesidige koarsluting en rûnbôgefinsters út de 13e iuw binne nei alle gedachten yn 1807 de muorren ferlege.

Nei't de toer fan de Hallumer tsjerke ynstoartte, waard yn 1807 de toer fan Raard op 'e nij boud. Yn de toer mei ynsnuorre spits hinget in klok (1523) fan klokkejitter Wolter Schonenborch en in klok (1620) fan Hans Falck. It smei-izeren oerwurk is nei alle gedachten 18e-iuwsk.

De tsjerke is al yn 1988 sletten foar de earetsjinst. De PKN-gemeente Raard-Foudgum brûkte de Foudgumer Marijetsjerke en de (earder grifformearde) Raarder Marthatsjerke. Sûnt 1 septimber 2019 ferhiert de stifting de tsjerke as atelier oan in keunstner.RTV NOF, 27 augustus 2019

De tsjerke is in ryksmonumint en eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. Oant 2018 wie it OerKa Irene Verbeek Museum yn it gebou festige.

Oargel De tsjerke hat gjin oargel (mear).

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Raard Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Dongeradiel Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út 1807