It Frânske departemint Seine-Maritime is ien fan de fiif Normandyske departeminten. It leit yn it noarden fan Normandje en krige syn namme troch de rivier de Seine en de lizzing oan see. Oant 1955 hiet it departemint Seine-Inférieure.

Skiednis It departemint waard yn 1792 ûnder de namme Seine-Inférieure stifte en bestie doe út sân distrikten: Cany, Caudebec-en-Caux, Dieppe, Gournay, Montivilliers, Neufchâtel, Rouen. Yn 1800 waarden de arrondisseminten Dieppe, Le Havre, Rouen, Neufchâtel en Yvetot oprjochte, de twa lêsten waarden yn 1926 wer opheft. Yn 1955 kirge it departemint syn hjoeddeiske namme Seine-Maritime.

Fan 1960 oant 2015 hearde Seine-Martime by de regio Opper-Normandje, dy't yn 2016 yn de regio Normandje opgyng.

Geografy Seine-Maritime grinzget oan it suden oan it departemint Eure, dêr't it eartiids Opper-Normandje mei foarme, yn it wêst en it noarden oan It Kanaal en yn it easten oan de departeminten Somme en Oise fan de regio Hauts-de-France.

De wichtichste rivier is de Seine, dy't by Le Havre yn It Kanaal mûnet.

It departemint is te ferdielen yn trije lânskippen: de Seine-delte, it krytplato Pays de Caux en it heuveleftige en kûlissenlânskip fan Pays de Bray.

Bestjoerlike yndieling It departemint Seine-Maritime is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 35 kantons en 708 gemeenten.

Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Dieppe 234.504 3.138,45 75 7 345 Le Havre 387.085 1.247,39 310 12 149 Rouen 634.294 1.941,01 327 18 217 Seine-Maritime 1.255.883 6.326,85 199 35 708

Stêden

De grutste plakken binne:

Stêd Ynwenners 2018 Arrondissemint Le Havre 169.733 Le Havre Rouen 111.360 Rouen Dieppe 28.561 Dieppe Sotteville-lès-Rouen 28.958 Rouen Saint-Étienne-du-Rouvray 28.500 Rouen Le Grand-Quevilly 25.771 Rouen Le Petit-Quevilly 22.291 Rouen Mont-Saint-Aignan 19.262 Rouen Fécamp 18.251 Le Havre Elbeuf 16.205 Rouen

Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwennertal 1.035.843 1.113.977 1.172.743 1.193.108 1.223.429 1.239.138 1.248.580 1.257.699 1.255.883 Boarnen: Cassini en INSEE

Ofbylden

Keppeling om utens Prefektuer Seine-Maritime

Kategory:Departemint fan Normandje Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790 Kategory:Normandje