De Église Saint-Nicolas (Sint-Nikolaastsjerke), somtiden ek Saint-Nicolas-des-Champs (Sint-Nikolaas fan 'e Fjilden) neamd, is in 11e-iuwsk tsjerkegebou yn Caen, Frankryk. De romaanske tsjerke waard yn 1913 as in histoarysk monumint erkend.

Skiednis thumb|left|It lege ynterieur fan de Sint-Nikolaastsjerke. De bou fan 'e tsjerke om 1083 hinne is in gefolch fan 'e stifting fan 'e Abbaye aux Hommes troch Willem de Oermasterer. Troch de bou fan 'e Stefanusabdij fûn der in foarse útwreiding fan 'e stêd nei it westen ta plak. De nije útwreiding Bourg-l'Abbé lei op 'e parochygrûn fan 'e katedraal fan Bayeux, dy't de grûn oerdroech oan keninginne Mathilde, sadat de muontsen fan 'e Abbaye aux Hommes ûnder de geastlike ôfhinklikens fan 'e abdis fan Caen kamen te stean. Om dêr ûnder út te kommen bouden hja oan 'e râne fan Bourg-l'Abbé de Sint-Nikolaastsjerke. De Sint-Nikolaastsjerke waard yn 1093 foltôge en de muontsen holden oant it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje it patronaat fan dy tsjerke .

Ek letter bleau de Sint-Nikolaastsjerke oan 'e râne fan Bourg-l'Abbé stean, om't Caen fierder nei it suden útwreide rjochting de Orne en dêr oerhinne. Sadwaande bleau de parochy fan in beskieden omfang en wiene der yn 'e rin fan 'e tiid gjin útwreidings of fergruttings fan 'e tsjerke nedich, sadat it gebou troch de tiid hinne hast itselde bleau. De noardlike toer waard net foltôge, wylst de súdlike toer yn 'e 15e iuw ferhege waard. It hege puntige dak boppe de apsis waard yn 'e 13e iuw boud. It hege middenskip dat mei grutte rûnbôgige arkades nei de lege sydskippen iepenet is karakteristyk foar de Normandyske styl.

Yn 1792 waard de parochy opheft. Yn 'e tsjerke waard in kûgelfabryk ûnderbrocht, letter in stâl foar de hynders fan militêren en dêrnei oant 1931 in opslach foar feefoer.

De tsjerke is sletten foar publyk. Allinne by kulturele eveminten wurdt it gebou iepensteld. It ynterieur fan 'e tsjerke is net mear oanwêzich.

Tsjerkhôf Oan 'e noardeastlike kant fan 'e apsis is it âlde tsjerkhôf, dat oant 'e ein fan 'e 19e iuw brûkt waard. De gaos fan grêfstiennen en krusen giet skûl ûnder monumintale beammen en strûken.

Kategory:Caen Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 11e iuw Kategory:Bouwurk yn Normandje