It Filmfestival fan Hollywood (Ingelsk: Hollywood Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e wyk Hollywood fan 'e Amerikaanske stêd Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. __TOC__ Skiednis It Filmfestival fan Hollywood waard yn 1997 oprjochte troch skriuwer en filmprodusint Carlos de Abreu en dy syn frou, it model Janice Pennington. It is bedoeld as in platfoarm foar makkers fan ûnôfhinklike films om oansluting te finen by de filmyndustry fan Hollywood.
Struktuer It Filmfestival fan Hollywood bestiet út in stikmannich seksjes, dy't foarmjûn binne as parallel rinnende filmfestivaltsjes. Dêrby giet it om: it Bernefilmfestival fan Hollywood (foar bernefilms) it Digitaal Filmfestival fan Hollywood (foar ynternetfilms) it Dokumintêrefilmfestival fan Hollywood (foar dokumintêres) it Horrorfilmfestival fan Hollywood (foar horrorfilms) it Ynternasjonaal Filmfestival fan Hollywood (foar films út it bûtenlân) it Koarte Filmfestival fan Hollywood (foar koarte films) it Komeedzjefilmfestival fan Hollywood (foar komeedzjefilms) it Tekenfilmfestival fan Hollywood (foar tekenfilms) it Unôfhinklik Filmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films) it Wrâldfilmfestival fan Hollywood (foar ûnôfhinklike films út it bûtenlân)
Keppelings om utens Offisjele webside fan it Filmfestival fan Hollywood
Kategory:Hollywood Kategory:Evenemint yn Los Angeles Hollywood Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1997