Bertrie Wierenga (Ljouwert, 26 oktober 1989) is in Fryske aktrise en model.

Libbensrin Wierenga waard berne yn Ljouwert en ferfear op lettere leeftyd nei Hurdegaryp. Al jong woe se aktrise wurde. Sa wie hja op 10-jierrige leeftijd al te sjen yn de musical Oliver Twist fan Joop van den Ende. Ek sleat se in jeugddûnsoplieding yn Fryslân súksesfol ôf. Sûnttiids wie Wierenga yn meardere lytsskalige teäterproduksjes te sjen en wie se fjouwer jier lang lid fan de showmusical-dûnsgroep Dance Explosion.

Wierenga wurke yn dizze perioade ek as model. Hja rûn ûnder oare foar Addy van den Krommenacker en Oso Couture en wûn in 2008 de modellewedstryd Next Mata Hari.Hurdegarypse wint Next Mata Hari www.waldnet.nl, (5 novimber 2008)

Yn de jierren dêrnei folge se ferskate aktearopliedings. Yn 2013 spile Wierenga de haadrol Fredau Buwalda yn de koarte film Paradise now foar it '48 Hour Film Project'.

Neist aktearjen hat Wierenga besocht om in sjongkarriêre op te bouwen; sa hat se online meardere nûmers covere en die se yn 2016 audysje by The Voice of Holland. Auditie Bertrie Wierenga bij The Voice of Holland, RTL.nl, (11 november 2016)

Yn 2017 wie Wierenga yn lytse rollen te sjen, wêrûnder yn Moordvrouw, B.A.B.S. en Meisje van plezier. Hja hie in gruttere rol yn de rige Celblok H. Boppedat wie se dat jier as haadrol te sjen yn de koarte film Paf foar it 48 Hour Film Project, dy rol levere har in nominaasje op foar 'bêste aktrise'.

Yn 2018 spile Wierenga gastrollen yn De Spa en De Kameleon.

Wierenga krige yn 2019 by it grutte publyk bekendheid doe ’t se de rol fan Shanti Vening fertolke yn de RTL 4-soap Goede tijden, slechte tijden. Yn 2017 wie se al yn de soap as in oar personaazje yn in gastrol te sjen. Nieuwe GTST-dame zorgt voor reuring in soapdorp Meerdijk RTLboulevard.nl, (8 jannewaris 2019) Sexy Shanti is nieuwe inwoonster GTST-dorp Meerdijk, Algemeen Dagblad, (8 jannewaris 2019)

Yn 2021 docht se mei yn de Fryske aksjekomeedzjefilm Stjer yn de rol fan resersjeur Goaitske fan Goaitsen. Yn 2023 wûn Bertrie in Televizier-Ring foar bêste akteur.Omrop Fryslân, 13-10-2023, Aktrise Bertrie Wierenga wint Televizier-Ring

Filmografy Film as aktriseJierProduksjeRolOpmerkingen2013Paradise nowFredau BuwaldaKoarte film foar 48 Hour Film Project2017PafMarrit PietersKoarte film foar 48 Hour Film Project2017Huisvrouwen bestaan nietûnbekendgastrol2021StjerGoaitske fan GoaitsenresersjeurTelevyzje as aktriseJierProduksjeRolOpmerkings2017Moordvrouwsjoernalistegastrol2017B.A.B.S.servearstergastrol2017Celblok HMel de Grootbyrol2017Meisje van plezierescortfamkegastrol2017Goede tijden, slechte tijdenonenightstand fan Job Zonneveldgastrol2018De Spaklantgastrol2018De Kameleonplysjefroubyrol2019-noGoede tijden, slechte tijdenShanti Veninghaadrol

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk model Kategory:Persoan berne yn 1989 Kategory:Persoan berne yn Ljouwert