Janko Krist (1985) is in Fryske film- en telefyzjemakker.

Krist studearre fan 2000 oant 2004 oan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Troch in staazje kaam er by Omrop Fryslân telâne. Efter de skermen fan it programma Spegels seach er dat minsken mei passy en hert foar de saak programma’s makken. Syn earste opdracht wie om in fraachpetear mei in Fryske band te hâlden. Neidat er noch in skoft as ‘runner’ foar Dankert & Dankert wurke hie en hy akteurs, catering en apparatuer ophelje en fuortbringe moast, waard er frege om it telefyzjeprogramma Hea! te meitsjen. Fan 2005 oant 2015 soe er by Omrop Fryslân dat programma meitsje.

Yn 2013 wie er winner fan de Nederlânske en de Europeeske priis foar de bêste regionale reportaazje. By In2Content makke Krist as korrespondint fideo-items yn opdracht fan de oerheid. Hy die alles sels, fan filmjen en ynterviewen oant de montaazje. In opfallende reportaazje fan him wie 'de lêste fytser' fan de hûnderste Fytsalvestêdetocht. Krist folge fytser Wiebe Idsinga yn syn lêste oerkes fan de tocht troch it tsjustere Fryslân. <ref>[https://www.omropfryslan.nl/nijs/1039434-it-ferhaal-achter-ik-fyts-gewoan-troch It ferhaal achter: 'Ik fyts gewoan troch'''], Omrop Fryslân, 5 maart 2021</ref> Yn oktober 2015 makke Krist foar de KRO-NCRV it programma Jan rijdt rond en yn 2016 wie er ferslachjouwer en regisseur by it telefyzjeprogramma Man bijt hond. Dêrnei wie er noch ynterviewer, presintator en regisseur foar programma’s as Buorkje foar begjinners, Marktplaats en Heel Holland Handelt. In tal fan syn dokumintêres waarden ek útstjoerd op Nederland 1.

Fan it teäterspektakel Bauck! fan Sybe Joostema yn it Hemmemapark yn Berltsum makke er as spin-off yn 2018 in dokufilm oer Bauck van Hemmema, de earste Fryske frijheidsstrydster. Docufilm BAUCK! over de eerste Friese vrijheidsstrijdster, bauck.nl Yn 2021 makke Krist mei Emiel Stoffers de earste Fryske aksjekomeedzje Stjer. Yn 2026 ferskynde syn twadde film, it misdiedrama Lulk.

Prizen Prix Circom Regional Award (2013) Gouden NL-Award, Stichting ROOS (2013)

Kategory:Frysk filmprodusint Kategory:Frysk filmregisseur Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Nederlânsk filmprodusint Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Omrop Fryslân-wurknimmer Kategory:Persoan berne yn 1985