Herder wie in Fryske supergroep út De Westereen dy’t him talei op sludgemetal, stonerrock en doommetal. De band wie foarme om JB van der Wal dy’t ek spile yn Aborted, Leaves' Eyes en Atrocity.

Skiednis Herder waard yn 2010 oprjochte om gitarist JB van der Wal. De namme fan de band is ûntliend oan it lyksa neame bûsmes, dat neffens de ferhalen in soad brûkt wurdt troch de stekgrage ynwenners fan De Westereen en omkriten.Facebook, 7 jannewaris 2012 De band brocht fjouwer albums út op Reflections Records.

Yn maaie 2019 hie de band op Pitfest it lêste optreden.Herder (lêste show), Bloodbastard (Reünie) en Hetze nei Pitfest 2019 Live reviewer, 6 novimber 2018.

Diskografy Fergean (2016) Gods (2014) Doomed (2013) Horror Vacui (2012) Same Title LP2011) Demo 2010'' (2010)

Besetting Ché Snelting (Born from Pain), sang, sûnt 2012 JB van der Wal (Aborted, Leaves' Eyes, Atrocity), gitaar Jeroen Vrielink (Entrapment), gitaar, sûnt 2011 Marc, gitaar (Fest, Ommission) Tom, drums

Kategory:Fryske hardrockband Kategory:Band oprjochte yn 2010 Kategory:Band opheft yn 2019