The Evergreens wie in muzikaal duo fan De Jouwer.
It duo sjongde Fryske lietsjes lykas De Joustermerk en Do alde moaije moune. The Evergreens bestie út toetsenist Alex Brandsma (De Lemmer, 1934) en drummer Luc(kie) de Jong (De Jouwer, 1950). Pieter Oegema wie ynfaller as sjonger-gitarist. Nije drummers wiene Tjipke Westra fan Drachten en letter Auke van de Wal fan Minnertsgea.
Kategory:Fryske amusemintsband Kategory:Band mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Band mei ûnbekend jier fan opheffing