The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2001 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: It Selskip fan 'e Ring". De film is basearre op it boek The Fellowship of the Ring. It is it earste diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien.
It ferhaal folget de hobbit Frodo Baggins, dy't fan syn omke Bilbo in ring erft. Dat blykt de Iene Ring te wêzen dêr't de machtige kweageast Sauron ferlet fan hat om 'e wrâld Midierde ûnder syn bewâld te bringen. Op rie fan 'e tsjoender Gandalf flechtsje Frodo en syn freonen mei syn nuodlike besitting nei it elfske bolwurk Rivendell, dêr't Frodo de taak op him nimt om in kweeste te ûndernimmen nei it lân Mordor, om dêr yn it sintrum fan Sauron syn macht de ring te ferneatigjen yn 'e fjurren fan 'e Doemberch.
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films ea makke. De film wûn fjouwer Oscars, in Grammy Award, in Hugo Award, in Nebula Award, fiif BAFTA's, in Screen Actors Guild Award, trije Saturn Awards, fjouwer Satellite Awards, in Locus Award, trije Empire Awards en ferskate oare prizen. It folgjende diel fan 'e trilogy, The Lord of the Rings: The Two Towers, kaam út yn 2002.
Plot Prolooch Yn it Twadde Tiidrek fan Midierde wurde oan 'e hearskers fan 'e elven, dwergen en minsken de ringen fan macht taparte. Sûnder dat hja it witte, smeit de machtige kweageast Sauron yn 'e fjurren fan 'e Doemberch yn it lân Mordor, de Iene Ring dy't alle oare ringen dominearret, dat er Midierde feroverje en ûnder syn bewâld bringe kin. In lêste ferbûn fan elven en minsken ûnder lieding fan 'e elfske kening Ereinion Gil-galad en Elendil de Lange, hege kening fan Arnor en Gondor, befjochtet Sauron en syn legermachten fan oarken en trollen en oare kweade wêzens foar de poarten fan syn bolwurk Barad-dûr, wêrby't sawol Gil-galad as Elendil de Lange omkomme. Elendil syn erfgenamt Isildur slacht Sauron lykwols mei it skurd fan syn heite swurd in finger ôf, en ûntnimt him dêrmei de Iene Ring dy't om dy finger sit. Dêrmei ferslacht er Sauron, dy't sûnder de macht dy't er yn 'e Iene Ring stoppe hat, syn lichaamlike foarm ferliest en ta in geast wurdt.
Mei de nederlaach fan Sauron begjint it Trêde Tiidrek fan Midierde. Elrond de Healelf, de foaroanman fan 'e elven nei de dea fan Gil-galad, liedt Isildur nei de top fan 'e Doemberch, mei de bedoeling dat dy de Iene Ring yn 'e fjurren smite sil om him te ferneatigjen. Dat kin inkeld op itselde plak dêr't er ek makke is, en it soe Sauron sa'n macht ûntnimme dat er nea wer fanwegen komme kinne soe. Mar de macht fan 'e Iene Ring is sa dat er begear opwekket, en as it derop oankomt, wegeret Isildur der ôfstân fan te dwaan. De ring begjint dêrnei Isildur syn geast te behearskjen. Hy ûntdekt dat it ding him ûnsichtber meitsje kin. As syn selskip ûnderweis nei Arnor, yn it noarden, by de Lizefjilden troch oarken oerfallen wurdt, besiket er ûnsichtber mei de ring om swimmend yn 'e rivier de Anduin te ûntkommen, mar de ring ferriedt him en glidet him fan 'e finger ôf, wêrnei't er troch de oarken mei pylk-en-bôge deasketten wurdt.
Goed 2.500 jier leit de ring op 'e boaiem fan 'e rivier, oant er fûn wurdt troch it wêzen Gollum, waans libben er ferlinget oant fier boppe wat foar dy syn soarte gewoan is. Gollum lûkt him werom yn 'e grotten ûnder de Diisbergen, dêr't er de ring 500 jier lang besit, oant it ding de rop fan syn weropstiene master Sauron heart. Dan makket er dat Gollum him ferliest. Yn 'e grotten wurdt er dan weromfûn troch in hobbit, Bilbo Baggins, dy't mei in groep dwergen ûnderweis is nei de Ienlike Berch (sjoch: The Hobbit (filmtrilogy)). Dyselde is him folslein ûnbewust fan wat er fûn hat, mar hy ûntdekt al rillegau dat er ûnsichtber wurdt as er de ring om docht, in fermogen dat er ta syn eigen foardiel brûkt om syn kweeste ta in goede ein te bringen. Neitiid nimt er de ring mei nei hûs, yn it Goa, it lân fan 'e hobbits, en nei syn eigen wente yn Hobbitum. De ynfloed fan 'e ring hâldt Bilbo sûn en linich, oant er sechstich jier letter syn 111e jierdei fiert.
Film By de fiering fan syn 111e jierdei wurdt Bilbo weriene mei syn âlde freon, de tsjoender Gandalf de Grize. Bilbo fertelt him dat er fan doel is om fuort nei it feest út te piken foar ien lêste aventoer. Hy lit al syn besittings nei oan syn jonge omkesizzer Frodo. Dêrta heart ek de ring, hoewol't Gandalf der wurk fan hat om dat te beävensearjen, mei't Bilbo mar dreech ôfstân dwaan kin fan it sieraad. De tsjoender wurdt dêr erchtinkend fan en beslút ûndersyk nei de ring te dwaan. Hy reizget hielendal nei it lân Gondor ta, yn it suden, dêr't er yn 'e argiven in dokumint fynt dat skreaun is troch Isildur ear't er ôfsette op syn needlottige tocht nei it noarden. Dêryn stiet dat de ring fan Isildur, dy't sûnder mis de Iene Ring fan Sauron is, in ynskripsje befettet dy't inkeld sichtber te meitsjen is troch de ring yn it fjoer te hâlden. Gandalf keart werom nei it Goa, dêr't er Frodo syn ring yn it hurdfjoer smyt. Neitiid blykt dêrop yndie in ynskripsje sichtber te wurden, mei yn 'e taal fan 'e oarken de wurden: "Ien Ring all'gear ta hearsker, Ien har fynder. Ien Ring dy't har yn 't tsjuster fiert, Ien aller bynder."
Dan wit Gandalf dat de ring fan Frodo de Iene Ring fan Sauron is. Hy is ûnderwilens ek oan 'e weet kommen dat Gollum finzennommen en nei de weropboude Barad-dûr yn Mordor brocht is, dêr't er ûnder slimme tramtaasjes twa wurden priisjûn hat: "Goa" en "Baggins". Gandalf warskôget Frodo dat er sjen moat dat er út it Goa komt. Sels sil er Saruman de Wite, it haad fan syn oarder, warskôgje oer wat er ûntdutsen hat. Dêrnei sil er Frodo moetsje yn it doarp Bree, eastlik fan it Goa. Frodo kriget op syn tocht selskip fan syn trouwe túnman Samwise Gamgee, dy't syn petear mei Gandalf ôflústere hat. Wylst Frodo en Sam oan harren reis begjinne, hastiget Gandalf him nei Isengard ta, in âlde fêsting dy't troch Saruman foar syn wente yn besit nommen is. Dêr ûntdekt er net inkeld dat Sauron de njoggen Ringsjammen, de Nazgûl, op swarte hynders útstjoerd hat om it Goa te trochsykjen nei de Iene Ring, mar ek dat Saruman oerrûn is nei Sauron. De beide tsjoenders fjochtsje, mar Saruman wurdt Gandalf oermânsk en set him finzen op it dak fan syn toer de Orthanc.
De tocht fan Frodo en Sam nei Bree rint út op in flecht as der yn it Goa ferskate Swarte Ruters opdûke dy't dúdlik nei harren op 'e siik binne. Underweis rinne se harren maten Meriadoc Brandybuck ("Merry") en Peregrin Took ("Pippin") tsjin it liif, dy't har by harren oanslute. Fjouweresom ûntkomme se mar nauwerneed oan 'e Ringsjammen troch it Bûkbierrumer Set oer de rivier de Brandewyn te nimmen, wêrnei't se skonken meitsje nei Bree. Ienris dêre oankommen, bejouwe se har nei de Stegerjende Kêde, de pleatslike herberge, dêr't Frodo mei Gandalf ôfsprutsen hie. De tsjoender is dêr net, mar in ûnhuer útsjende Doarmer dy't himsels Stapper neamt wol. Hy hâldt út in freon fan Gandalf te wêzen, mar Frodo-en-dy wifelje earst oft se him fertrouwe kinne of net. Harren wantrouwen belunet bot as er harren rêdt fan 'e Swarte Ruters, dy't te neare nacht Bree en de herberge ynkringe om 'e fjouwer hobbits te deadzjen.
De Swarte Ruters binne neffens Stapper deselden as de Ringsjammen fan Sauron: syn trouste en machtichste tsjinners dy't oarspronklik de minskene keningen wiene oan wa't er de mindere ringen joech. Hy biedt oan om Frodo-en-dy te begelieden nei Rivendell, dat in bolwurk fan 'e elven is dêr't Elrond de Healelf regearret. De hobbits, dy't net folle oare kar hawwe, geane op syn oanbod yn. Stapper liedt harren dwers troch de wyldernis en mijt mei sin de wegen, dêr't de Ringsjammen har beslist sykje sille. It selskip wurdt lykwols troch fiif fan 'e Ringsjammen oerfallen as se oernachtsje op 'e Waarshichte, dêr't de ruïne fan in âlde wachttoer stiet. Yn it gefjocht wurdt Frodo troch de Heksekening fan Angmar, de lieder fan 'e Ringsjammen, mei in fergiftige swurd yn it skouder stutsen. As Stapper, dy't op ferkenning útgien wie, by de ruïne arrivearret, wit er mei fjoer en swurd de Ringsjammen op 'e flecht te jeien. Frodo sit der lykwols raar ta.
As er letter op 'e siik is nei it krûd athelas, dat genêskrêftich is, moetet Stapper de frou oan wa't er syn hert ferpâne hat, de elfske prinsesse Arwen Undómiel, de dochter fan Elrond. Hja wie útriden om nei him op 'e siik te gean doe't er net op 'e ôfsprutsen tiid yn Rivendell arrivearre. Tsjin Sam syn wil set Stapper de deasike Frodo by Arwen foar yn it seal. Hja riidt mei him sa hurd se kin nei de Furde fan 'e Bruinen, dêr't de gerjochtichheid fan 'e elven begjint. Dêrby wurdt se efterfolge troch de no njoggen Ringsjammen, mar as se de furde oerstekt, en de Nazgûl komme har efternei, wurde se fuortspield troch in hommels opkommende stoartfloed oan wetter dy't troch Arwen yn 'e leech steande rivier oproppen is.
Underwilens hat Saruman troch de sjochstien of palantír fan 'e Orthanc kommunisearre mei Sauron, dy't him de opdracht jûn hat om foar him in leger op te bouwen. Saruman lit oarken út 'e bergen komme, dy't de kreaze tún fan Isengard folslein ferrinnewearje en yn 'e djipten ûnder de toer grutte wurkplakken bouwe om wapens en wapenrissen te smeien en gruttere, sterkere oarken te kweken, dy't Saruman de Uruk-hai neamt. Gandalf kin net oars as dat allegearre oansjen wylst er finzen sit op it dak fan 'e Orthanc, oant der op in nacht in motflinter foarbywjukkelet dy't er fangt en wat ynflústeret. As Saruman him letter ombringe wol om't Gandalf wegeret om him by Sauron oan te sluten, sjocht Gandalf deselde motflinter wer foarbywjukkeljen, wêrnei't er út himsels fan 'e toer springt: hy wurdt opfongen troch de reuseftige earn Gwaihir, foar wa't it boadskip bedoeld wie dat er de mot ynskúnd hie.
As Frodo yn Rivendell wekker wurdt, sit Gandalf njonken syn bêd. Tanksij de kunde fan Elrond is syn wûne genêzen, hoewol't er altyd lêst fan syn skouder hâlde en nea wer alhiel de âlde wurde sil. Yn Rivendell binne Stapper en de trije oare hobbits ûnderwilens ek oankommen, en fral Sam is feringele om Frodo wer by sûpe en stút te sjen. Ek de âlde Bilbo blykt no yn Rivendell ta te hâlden, dêr't er mank de elven syn âlde dei slite wol. Stapper wurdt weriene mei Arwen, dy't him dyselde jûns beswart dat se har elfske ûnstjerlikens opjaan sil om mei him te trouwen.
Elrond fertelt Gandalf dat de Iene Ring net yn Rivendell bliuwe kin, om't er net de folsleine macht fan Sauron wjerstean kin. Hy beleit in ried fan elven, minsken en dwergen om te besluten wat der mei it nuodlike ding barre moat. Dy gearkomste binne Gandalf en Frodo by oanwêzich, krekt as Legolas Grienblêd, de soan fan kening Thranduil fan 'e boskelven fan it noardlike Brimsterwâld, Gimli soan fan Glóin, in dwerch út 'e Ienlike Berch, en Boromir fan Gondor, in ridder út in fier lân dy't kommen is nei oanlieding fan in profesij oer in healmling. As Boromir ûnder de gearkomste botst mei Stapper, makket Legolas bekend dat Stapper eins nimmens oars is as Aragorn soan fan Arathorn, de lêste erfgenamt fan Isildur en dêrmei de rjochtmjittige kening fan Gondor.