It bisdom De Bosk (Latyn: Dioecesis Buscoducensis) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De biskop hat de sit yn De Bosk.
Skiednis It earste bisdom De Bosk waard troch Paulus IV mei de bul "Super Universas" op 12 maaie 1559 út gebieten fan it bisdom Luik oprjochte. It bisdom foel ûnder it aartsbisdom Mechelen en de katedraal fan De Bosk waard de oan Jehannes de Evangelist wijde Sint-Jan. Op 20 maart 1561 waard Franciscus Sonnius as earste biskop beneamd. thumb|left|Sint-Jan Nei de ynfiering fan de reformaasje waarden de bisdommen yn de Noardlike Nederlannen opheft. Dat barde ek mei it bisdom De Bosk, doe't de troepen fan de Republyk yn 1629 de stêd oermasteren. It bisdom waard feitlik opheft en it gebiet wer by it bisdom Luik foege.
Yn 1657 waard it Apostoalyske Fikariaat De Bosk stifte en dêrnei soe mear as 200 jier in fikaris it bisdom bestjoere. Op 15 july 1801 waarden dielen fan it ophefte bisdom Antwerpen by it fikariaat foege en op 22 maart 1803 waarden dielen fan it fikariaat wer ôfstien foar de stifting fan it Apostoalysk Fikariaat Breda. De gebieten fan de ophefte Apostoalyske Fikariaten Grave-Nijmegen en Ravenstein-Megen waarden by De Bosk foege.
De feroarings yn de grûnwet fan 1848 makke de werynrjochting fan de biskoplike hiërargy mooglik. Op 4 maart 1853 waard it bisdom De Bosk op'e nij ynsteld.
Katedraal Sint-Janskatedraal
Patroanhillige Patroanhillige fan it bisdom is Jehannes de Evangelist. It symboal fan Jehannes de Evangelist, in earn, komt foar yn it wapenskyld fan it bisdom.
Biskoppen Biskop fan De Bosk(earste ynstelling fan it bisdom)1561-1570Franciscus Sonnius Sûnt 1570 biskop fan it bisdom Antwerpen1570-1580 Laurentius Metsius1584-1592 Clemens Crabeels1593-1614 Ghisbertus Masius1615-1625 Nicolaas Zoesius1626-1637 Michael Ophovius O.P.1637-1641 sede vacante (sit net beset) Henricus van de Leemputte (fikaris)1641-1645 Joseph Bergaigne O.F.M. Sûnt 1645 aartsbiskop fan Kamerijk Apostoalysk fikaris fan De Bosk1657-1661 Jacobus de la Torre 1658-1662 Judocus Houbraken fikaris-generaal1662-1666 sede vacante Eugeen Albert d'Allamont (apostoalysk administrator); sûnt 1666 biskop fan Gint1666-1677 Joannes Hubens 1677-1681 Judocus Houbraken1681-1690Guilielmus Bassery Sûnt 1690 biskop fan Brugge1691-1701 Martinus Steyaert1701-1726 Petrus Govarts1727-1727 Franciscus van Rants O.P. Yn jannewaris 1727 beneamd, mar noch foar de wijing ferstoarn yn maaie 17271727-1731(?) Franciscus Ludovicus Sanguessa O.F.M. Rec. Biskop fan Roermond 1722-1741; koe it fikariaat net útfiere1731-1742 Ghijsbertus van der Asdonck1742-1745(?) Johann van der Lee Beneamd (1743), mar ferset troch de Steaten; loek him yn 1744 werom1745-1756 Martinus van Litsenborg1763-1790 Andreas Aerts1790-1831 Antonius van Alphen1831-1851 Henricus den Dubbelden1842-1851: Joannes Zwijsen (koadjutor)1851-1853 Joannes Zwijsen Biskop fan De Bosk(twadde ynstelling fan it bisdom)1853-1877 Joannes Zwijsen Fan 1853 oant 1868 ek aartsbiskop fan Utert1877-1878: Adrianus Godschalk (helpbiskop)1878-1892 Adrianus Godschalk1892-1919 Wilhelmus van de Ven1915-1919: Arnold Diepen (koadjutor)1919-1943 Arnold Diepen1942-1943: Wilhelmus Mutsaerts (koadjutor)1943-1960 Wilhelmus Mutsaerts 1956-1960: Wilhelmus Bekkers (koadjutor)1960-1966 Wilhelmus Bekkers1961-1966: Johannes Bluyssen (helpbiskop)1966-1984 Johannes Bluyssen1985-1998 Johannes ter Schure S.D.B. Wie earder helpbiskop fan Roermond1998-2016 Antoon Hurkmans 2010-2011: Jan Liesen (helpbiskop); sûnt 2011 biskop fan Breda2010-heden: Rob Mutsaerts (helpbiskop) 2016-hedenGerard de KorteBisschop Gerard de Korte neemt zetel bisdom 's-Hertogenbosch in bezit Nijsberjocht bisdom De Bosk, 14 maaie 2016
Keppeling om utens Bisdom De Bosk
Bosk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1559 Kategory:Organisaasje opheft yn 1629 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1853 Kategory:De Bosk