It bisdom Rotterdam (Latyn: Dioecesis Roterodamensis) is ien fan de sân bisdommen fan de Nederlânske roomsk-katolike tsjerkeprovinsje. It bisdom omfiemet de provinsje Súd-Hollân en in pear plakken yn de provinsje Utert (Oudewater, Vijfheerenlanden, Woerden en sûnt 2011 Kamerik).
Skiednis It bisdom waard stifte op 16 july 1955 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Haarlim. It fyftichjierrich jubileum fan it bisdom waard yn 2005 fierd mei in jubileummisse, dêr't ek de doedestiidske prins Willem-Aleksander en prinses Maksima by wiene.
Katedraal As katedraal fan it nije bisdom tsjinne oant 1967 de neogoatyske Sint-Ignatiustsjerke. By de wijing as katedraal waard Laurentius, de patroanhillige fan Rotterdam, tafoege oan de namme. De Laurentius- en Ignatiuskatedraal waard yn 1967 sletten en twa jier letter ôfbrutsen. Sûnt dy tiid is de H.H. Elisabet en Laurentiustsjerke de katedraal fan it bisdom.
Patroanhillige Laurentius fan Rome
Biskoppen Biskop fan Rotterdam1956 - 1970Martinus Jansen1970 - 1983Adrianus Simonis1982 - 1983: Philippe Bär (helpbiskop)1983 - 1993Philippe Bär1994 - 2011Ad van Luyn2011: Ad van Luyn (foar fjouwer moanne apostoalysk administrator)2011 - no (2020)Hans van den Hende
keppeling om utens Side bisdom Rotterdam
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1955 Kategory:Rotterdam