De Martlers fan Gorkumtsjerke oan it Stieltjesplein, by Rotterdammers benammen bekend as de Stieltjestsjerke, wie in grutte roomsk-katolike tsjerke yn Rotterdam-Sud. De tsjerke waard yn 1886 ynwijd en yn 1976 fanwegen de tebekrinnende tsjerkegong ôfbrutsen.

Skiednis Troch de groei fan 'e stêd yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard op 'e súdlike kant fan de Maas de wyk Feijenoord boud. In grut part fan 'e nije befolking wie roomsk en kaam út Seelân, mar fral út it noardwestlike diel fan Noard-Brabân. Foar de katoliken waard tusken 1875 en 1876 ynearsten in needtsjerke boud troch de sosjaal ynstelde pastoar Ludovicus Gompertz (1875-1890). thumb|left|240px|Ynterieur Stieltjestsjerke Tusken 1885 en 1886 folge oan it Stieltjesplein de bou fan in monumintale stiennen tsjerke. It ûntwerp fan de trijeskippige krústsjerke yn neogoatyske styl wie ôfkomstich fan de arsjitekt Johannes Kayser. De tsjerke krige in toer oan 'e foarkant mei in hege spits. Op 12 july 1886 waard de tsjerke ynwijd en opdroegen oan de Martlers fan Gorkum.

Nei de Twadde Wrâldkriich rûn it tal parochianen tebek. De parochy fusearre mei de Hillige Trije-ienheidparochy en gyng dêr lang om let hielendal yn op. De Stieltjestsjerke waard sletten en yn 1976 ôfbrutsen. Op it plak kaam letter in bejaardehûs te stean.

It Museum Rotterdam bewarret twa doarren fan de tagong, in tal glês-yn-leadramen, in boufragmint mei reliëfs fan ferskillende profeten en in tal fliertegels.Museum Rotterdam: ôfbylden oantinkens Stieltjestsjerke, oproppen 10.12.2020 It oerwurk fan 'e tsjerke stiet tsjintwurdich op it Vredesplein yn in glêzen hokje om it tsjin fandalisme te beskermjen.

Kategory:Earder bouwurk yn Rotterdam Kategory:Tsjerkegebou yn Súd-Hollân Kategory:Earder tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk út 1886 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1976 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Rotterdam