Mago (Punysk: 𐤌𐤂𐤍, mgn) wie (mooglik fiktyf) in skriuwer út Kartago dy't in lânboukundige ensyklopedy, besteande út 28 boeken, yn it Punysk skreaun hat. De 28 boeken yn it Punysk binne ferlern rekke, mar guon Grykske en Latynske oersettings besteane noch hieltyd.
Skiednis It grûnwurk fan it wurk Mago lei foar in part op Grykske teksten, dy't oanfolle waarden mei Fenisyske en Berberske kunde. Syn ensyklopedy wie sa ferneamd dat it by de ferwoastging fan Kartago troch de Romeinen yn 146 f.Kr. bewarre waard en troch Skipio AemilianusMiles, Richard, Carthage Must Be Destroyed: The Rise and Fall of an Ancient Civilization. Penguin Books, United States (2010), p. 13. ISBN 978-0-14-312129-9. as kriichsbút nei Rome meinommen waard. De Romeinske Senaat hiet in kommisje fan taalkundigen mei in oersetting nei it Latyn Plinius, Naturalis Historia XVIII 22 , cf. 1.18; Cicero, De Oratore I 249; Varro, De Re Rustica I 1.10; Columella, De Agricultura I 1.13, XII 4.2.. Dat barde ûnder lieding fan Desimus Junius Silanus. Cassius Dionysius fersoarge de Grykske oersetting dat letter ynkoarte waard troch Diofanus fan Niseä ta in wurk yn seis partenColumella, De Agricultura I 1.10..
Wurk De oerlevere fragminten binne ûnder oaren te finen by Varro, Columella, Plinius de Aldere en Gargilius Martialis:
Wa't in lângoed keapet, moat syn hûs yn de stêd ferkeapje.Plinius, Naturalis Historia XVIII 35; Columella, De Agricultura I 1.18. De meast produktive wynhôven binne nei it noarden ta rjochte.Columella, De Agricultura III 12.5. Hoe't wynstôken plante wurde moatte.Plinius, Naturalis Historia XVII 80, 128; Columella, De Agricultura III 15.3-5, V 5.4, cf. Hoe't wynstôken snoeid wurde moatte.Columella, De Agricultura IV 10.1. Hoe't oliifbeammen plante wurde moatte.Plinius, Naturalis Historia XVII 93; Columella, De Arboribus IV 10.1. Hoe't fruitbeammen plante wurde moatte.Plinius, Naturalis Historia XVII 63-64, 131. Hoe't sompeplanten rispe wurde moatte.Plinius, Naturalis Historia XXI 110-112 Reemeitsjen fan nôt en pûlfruchten om te meallen.Plinius, Naturalis Historia XVIII 97-98. Hoe't oksen keazen wurde moatte.Columella, De Agricultura VI 1.3. Notysjes oer de sûnens fan fee.Varro, De Re Rustica II 5.18. Mûlezels fôlje bytiden yn Afrika. Mûlezels en merjes binne tolve moanne drachtich.Varro, De Re Rustica II 1.27; Columella, De Agricultura VI 37.3. Notysjes oer buorkerijbisten.Varro, De Re Rustica III 2.13. Bijen fuorthâlde fan in oksekarkas.Columella, De Agricultura IX 14.6. Bijehâlders meie gjin darren deameitsje.Columella, De Agricultura IX 15.3. Hoe't granaatapels bewarre wurde moatte.Columella, De Agricultura XII 46.5. Hoe't de bêste passum makke wurde moat (druvewyn).Columella, De Agricultura XII 39.1.
Kategory:Lânboukundige Kategory:Kartaachsk skriuwer Kategory:Kartago