It bisdom Breda (Latyn: Dioecesis Bredana) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De biskopssit stiet yn de Antoniuskatedraal yn Breda.

Skiednis Op 22 maart 1803 waard it apostoalysk fikariaat Breda ynsteld as in ôfsplitsing fan it apostoalysk fikariaat De Bosk. In diel fan it aartsbisdom Mechelen waard yn 1853 tafoege oan it fikariaat, dat op 14 maart 1853 mei de weropbou fan de tsjerkeprovinsje omset waard yn in bisdom.

Katedraal As katedraal tsjinne fan 1853 oant 1875 de neoklassisistyske Antoniustsjerke yn it sintrum fan Breda. It bisdom hie troch Pierre Cuypers in grutte neogoatyske krústsjerke bouwe litten oan de Prinsenkade, de Barbaratsjerke, dy't yn 1875 as katedraal yn gebrûk nommen waard. De Barbaratsjerke waard yn 1968 sletten en dêrnei ôfbrutsen en de biskopssit ferhûze nei de Michaeltsjerke yn it easten fan Breda.

Mei in pauslik dekreet krige op 1 novimber 2005 de Antoniustsjerke de status fan katedraal werom.

Patroanhillige Marije; patroansfeest: Marije-Himelfeart (15 augustus)

List biskoppen Apostoalysk fikaris Breda1803 - 1826Adrianus van Dongen1827 - 1853Joannes van Hooydonk Biskop fan Breda1853 - 1867Joannes van Hooydonk1868 - 1874Joannes van Genk1874 - 1884Henricus van Beek1884 - 1914Petrus Leyten1914 - 1951Petrus Hopmans 1945 - 1951: Joseph Baeten (koadjutor)1951 - 1962Joseph Baeten1962 - 1967Gerardus de Vet1967 - 1992Huub Ernst1994 - 2007Tiny Muskens 2006 - 2007: Hans van den Hende (koadjutor)2007 - 2011Hans van den Hende2011 - no (2020)Jan Liesen Keppeling om utens Bisdom Breda

Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1853 Kategory:Breda