De famylje Van der Heide út Harns stamt ôf fan de famylje Hemminga út Beetstersweach en kaam yn 1761 nei Harns. Guon bekinden die't út de famylje stamme, bin keatsers, keunstner en in heechlearaarWebstee oer de famylje Van der Heide út Harns.

Fragmintgenealogy Aijso Haijes Hemminga (±1654-1743) wie in bern fan Aijso Hemminga foar syn houlik. Syn soan Johannes Aijses, dy de namme Hemminga net brukte, kaam yn 1761 mei syn frou nei Harns. Syn soan Eeuwe Johannes kaam letter ek nei Harns mei syn frou Aaltje Jans en fjouwer bern. Twa soannen nimme dêr de namme Van der Heide oan. Oant 1830 komt de namme ek stavere as Van der Heyde foar. Aijso Haijes Hemminga (Drachten, ±1654 - Beetstersweach, 1743), skoalmaster Johannes Aijses (Boerum, 1685 - wsl Harns, 1761/1772), kontroleur, winkelman Eeuwe Johannes (Duerswâld, 1723 - Harns, 1782), roggemûnder, keapman Johannes Eeuwes van der Heide (1767, Gruttegast - 1846, Harns), pakhúsfeint, sjouwer Jan Eeuwes van der Heide (1769, Gruttegast - 1834, Harns), masterferver en glêsmakker, skilder

Bekende Van der Heide's út Harns Dirk van der Heide (1905-1969), keatser Herman van der Heide (1917-1998), keunstner, byldhouwer Feike van der Heide (1913-1944), slachtoffer fan'e Snitser Bloednacht Johannes van der Heide (1918-1978), keatser, winner Jong Nederlânpartij Albert van der Heide (1942), heechlearaar, hebraïkus, judaïst Gerrit van der Heide (1943), keatser, PC-winner

Kategory:Frysk laach Kategory:Skiednis fan Harns