It bisdom Roermond (Latyn: Dioecesis Ruremundensis) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De grinzen fan it bisdom rinne lyk mei de provinsje Limburch.
Skiednis It brede kerstenjen fan Limburch fûn plak sûnt de 6e iuw, doe't missybiskoppen yn Maastricht harren sit krigen. Aldere spoaren fan kristlike oanwêzigens geane fierder werom, mar it plattelân bleau noch langer heidensk. Sûnt de 10e iuw hearde it súdlike diel fan it hjoeddeiske bisdom by it bisdom Luik, wylst in diel fan it noarden by it aartsbisdom Keulen hearde. Oant it oantsjinjen fan de reformaasje bleau dat sa. thumb|left|Kristoffelkatedraal. Op oantrunen fan lânfâld Filips II waarden yn 1559 de bisdommen yn de Nederlannen reorganisearre. Utert waard in aartsbisdom en ûnder Utert foelen de nije bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. It nije bisdom Roermond, dat op 12 maaie 1559 stifte waard, kaam net ûnder it aartsbisdom Utert te fallen, mar ûnder it aartsbisdom Mechelen en bestie út tesnipele dielen fan de bisdommen Luik en Keulen. De earste biskop fan it bisdom wie Wilhelmus Lindanus.
Yn de Frânske tiid waard it bisdom op 29 novimber 1801 opheft. De Frânsen woene gruttere bestjoersienheden en it grutste diel fan it gebiet waard wer by Luik foege, wylst it diel fan it bisdom dat yn it Bataafsk Mienebest foel oant 1853 tafoege waard oan it apostoalysk fikariaat Grave-Nijmegen. Dat diel waard yn 1853 by it bisdom De Bosk yndield.
De Belgysk-Nederlânske skieding yn 1830 makke it needsaaklik dat de nije Nederlânske provinsje Limburch in eigen tsjerklik bestjoer krige. Op 18 desimber 1840 waard it apostoalysk fikariaat Limburch ynsteld. De feroarings fan de grûnwet fan 1848 stiene ek de weropbou fan de tsjerklike hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân ta. Yn 1853, 42 jier nei de opheffing fan it earste bisdom Roermond, waard it fikariaat Limburch omset yn it twadde bisdom Roermond.
Katedraal Sint-Kristoffelkatedraal, Roermond
Patroanhilligen fan it bisdom Marije, ûnbeflekt ûntfinzen
List biskoppen Earste bisdom (1559-1801) 1562-1588Wilhelmus Lindanus 1588-1596Gregogius Gherinxfikaris-generaal1596-1609Henricus Cuyckius1609-1611Petrus Polliusfikaris-generaal 1611-1639Jacobus a Castro1639-1645Balduinus de Gaulefikaris-generaal1645-1651Antonius Bosmanefikaris-generaal1651-1657Andreas Creusen1657-1659Jacobus van Oeverenfikaris-generaal1659-1666Eugenius Albertus d'Allamont1666-1672Jacobus van Oeverenfikaris-generaal1666-1669Ignaas August Schetz van Grobbendoncknea inwijd1672-1673Lancelot de Gottignies1673-1677Jacobus van Oeverenfikaris-generaal1677-1700Reginaldus Cools1700-1701Joannes Antonius Dumontfikaris-generaal 1701-1722Angelus d'Ongnies et d'Estrees 1721-1722Franciscus Sanguessakoadjutor 1722-1741Franciscus Sanguessa1741-1743Joannes Franciscus Dispafikaris-generaal1743-1746Josephus Werbrouck1746-1769Johannes de Robiano1769-1770Arnoldus Ignatius Jacobus Costeriusfikaris-generaal1770-1775Henricus Kerens1775-1793Philippus Damianus Ludovicus van en tot Hoensbroeck1794-1801Joannes Baron van Velde tot Melroy en Sart-Bomal Apostoalysk fikariaat Limburch (1840-1853)1840-1853Joannes Paredis Twadde bisdom (1853- )1853-1886Joannes Paredis1885-1886Franciscus Boermanskoadjutor1886-1900Franciscus Boermans1899-1900Josephus Drehmannskoadjutor1900-1913Josephus Drehmanns1914-1932Laurentius Schrijnen1932Guillaume Lemmenskoadjutor1932-1957Guillaume Lemmens1947-1957Antonius Hanssenhelpbiskop, koadjutor (1957)1957-1958Antonius Hanssen1959-1970Petrus Moorsdêrnei oant 1972 as diosesaan administrator1965-1972Edmond Beelhelpbiskop1972-1993Joannes Gijsen1982-1997Alphons Castermanshelpbiskop1984-1985Johannes ter Schurehelpbiskop1993-desimber 2017Frans Wiertz1999- Everard de Jonghelpbiskop2018-2023 Harrie Smeets2024Ron van den Hout
Keppeling om utens Offisjele webide fan it bisdom
Roermond Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1559 Kategory:Organisaasje opheft yn 1801 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1853 Kategory:Roermond Kategory:Religy yn Limburch (Nederlân)