It bisdom Haarlim-Amsterdam (Latynsk: Dioecesis Harlemensis-Amstelodamens) is ien fan de sân roomske bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje.
Skiednis Earste stifting Yn it ramt fan in weryndieling fan de tsjerklike hiërargy yn Nederlân stifte paus Paulus IV op oantrunen fan lânfâld Filips II yn 1559 fiif nije bisdommen. It bisdom bestie mar in koart skoftke, want yn 1578 foel Haarlim yn de hannen fan de kalvinisten en de biskop moast de stêd útflechtje. Oant dy tiid hie it bisdom mar twa biskoppen hân:
Nicolaas fan Nieuwland (1562–1569) Godfried fan Mierlo (1571–1587)
Twadde stifting Yn 1833 waard in apostoalysk ordinariaat yn Haarlim stifte mei as ordinarius Cornelis Ludovicus van Wijckersloot van Schalkwijk (1786–1851). It bisdom Haarlim waard op 5 maart 1853 stifte en de earste biskop wie Franciscus Josefus van Vree.
Op 16 july 1955 waard it bisdom Haarlim opdield. It súdlike diel komt oerien mei de provinsjegrinzen fan Súd-Hollân mei in pear gemeentes fan Utert en is it doe stifte bisdom Rotterdam, wylst de provinsje Noard-Hollân en it súdlike diel fan Flevolân ûnder it bisdom Haarlim falle.
Sûnt 2008 hat it bisdom de namme Haarlim-Amsterdam.
Katedraal De katedraal fan it bisdom is de katedrale Bavobasilyk yn Haarlim.
Patroanhillige Patroanhillige fan it bisdom is Sint-Bavo.
List biskoppen biskop fan Haarlim (earste ynstelling fan it bisdom)1559-1569Nikolaas fan Nieuwland Yn 1569 beneamd ta helpbiskop fan Utert1570-1587Godfryd fan MierloYn 1587 beneamd ta biskop fan Dimter apostoalysk administrator fan Haarlim1833-1851Cornelius Ludovicus de Wijkerslooth biskop van Haarlim(twadde ynstelling fan it bisdom)1853-1861Franciscus Jacobus van Vree1861-1877Gerardus Petrus Wilmer1877-1883Petrus Matthias SnickersYn 1883 beneamd ta aartsbiskop van aartsbisdom Utert1883-1903Caspar Josefus Martinus Bottemanne1903-1928Augustinus Callier1928-1935Johannes Aengenent1935-1960Johannes Petrus Huibers1958-1960: Joannes van Dodewaard (koadjutor)1960-1966Joannes van Dodewaard1966-1983Theodorus Zwartkruis 1983: Henricus Bomers (koadjutor)1983-1995: Joseph Lescrauwaet (helpbiskop)1983-1998Henricus Bomers1995-1998: Jos Punt (helpbiskop)1998-2001Jos Puntdiosesaan administrator2001-2009Jos Punt2000-2009: Jan van Burgsteden (helpbiskop) biskop fan Haarlim-Amsterdam2009-2020Jos Punt2009-2011: Jan van Burgsteden (helpbiskop)2011 - no: Jan Hendriks (helpbiskop, fan desimber 2018-juny 2020 biskop-koadjutor)Mgr. Hendriks benoemd tot bisschop-coadjutor Nijsberjocht bisdom Haarlem-Amsterdam 22 desimber 20182020- Jan Hendriks
Keppeling om utens Side fan it bisdom
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1559 Kategory:Organisaasje opheft yn 1587 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1853 Kategory:Haarlim Kategory:Amsterdam