Pieter Enneüs Heerma (Amsterdam, 5 augustus 1977) is in Nederlânsk politikus en earder parsefoarljochter fan de CDA-fraksje.
Libben en wurk Pieter Heerma is de soan fan âld-Keamerlid en fraksjefoarsitter Enneüs Heerma. Hy studearre politikology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Heerma wie yn syn jonge jierren in suksefol judoka: Yn 1996 en 1997 waard er kampioen by it NK junioaren yn de klasse +100 KG. Yn 1996 helle Heerma it 5e plak by it WK junioaren yn Porto yn de klasse +100 KG en yn 1997 berikte er it tredde plak by it EK junioaren in Ljubljana in de klasse +100 KG.
Heerma wie kampanjelieder foar it CDA yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezingen 2012. Hy stie op it alfde plak fan de op CDA-kandidatelist. Op 20 septimber 2012 waard die beëdige as Twadde Keamerlid. Heerma wie wurdfierder sosjale saken.
Op 21 maaie 2019 folge Heerma Sybrand van Haersma Buma op as fraksjefoarsitter fan it CDA yn de Twadde Keamer. Nei de ferkiezingen yn maart 2021 waard er opfolge troch Wopke Hoekstra. Op 10 jannewaris 2022 waard Heerma opnij fraksjefoarsitter, nei't Hoekstra beëdige waard as minister yn it kabinet-Rutte IV. Hy stelde him net ferkiesber foar de Twadde Keamerferkiezingen 2023 en droech it fraksjefoarsitterskip oer oan Henri Bontenbal op 5 septimber 2023. By syn ôfskied op 5 desimber 2023 waard er ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Ear't er Keamerlid waard, wie er manager by Soarchfersekerder De Friesland.
Fan 1 juny 2024 oant 23 febrewaris 2026 wie Heerma foarsitter fan de Hierkommisje. Fan 18 augustus 2025 oant 8 febrewaris 2026 wie er foarsitter fan it Adviescollege Veiligheid Groningen (ACVG). Op 23 febrewaris 2026 waard er minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn it kabinet-Jetten.
Privee Heerma wennet yn Purmerein, is troud en hat twa soannen.
Keppelingen om utens Pieter Heerma op it webstee fan it CDA Profyl op parlement.com
Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk judoka Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1977