Flissingen (Nederlânsk en offisjeel: Vlissingen, Siuwsk: Vlissienge) is in gemeente yn it westen fan 'e provinsje Seelân.

De gemeente hat ynwenners () en hat in oerflakte fan 344,83 km² (wêrfan 310,65 km² wetter).

Haadplak is de stêd Flissingen. Njonken de stêd Flissingen lizze yn 'e gemeente ek noch Oost-Souburg, West-Souburg en Ritthem. West-Souburg en Oost-Souburg grinzgje fuort oan 'e bebouwing fan Flissingen, wylst Ritthem in lyts doarpke is dat eastliker leit.

Ritthem wie oant 1 july 1966 in folslein selsstannige gemeente. Yn dat jier waard de gemeente Ritthem opheft en by Flissingen yndield. Oost-Souburg en West-Souburg wienen oant 1835 twa aparte gemeenten. Yn 1835 waarden hja al gearfoege ta ien nije gemeente mei de namme Oost- en West-Souburg. Dy kombinearre gemeente hat dêrnei noch oant 1 july 1966 bestien en waard doe op 'e selde datum as Ritthem by Flissingen weryndield.Siuwsk Argyf

Njonken dy doarpen leit yn 'e gemeente ek de buorskip Groot-Abeele.

Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811