Abcoude is in doarp en eardere gemeente yn 'e gemeente De Rûne Feanen, yn de provinsje Utert. It doarp hat 8.194 ynwenners (2026).

Skiednis Abcoude wurdt foar it earst neamd yn in ferslach út 1085 fan 'e biskop fan Utert, dêr't sprutsen wurdt oer habitatores de Abecenwalde ('de ynwenners fan Abecenwalde'). Dizze namme betsjut 'it wâld fan Abbako', wat in typysk Fryske persoansnamme is. Oant de 8ste iuw makke it streamgebiet fan it Gein diel út fan it Fryske goa Niftarlake. Om 719 hinne waard dit part fan West-Fryslân by it Frankyske Ryk ynlive. De Fryske adel bleau it goa Niftarlake lykwols bestjoeren oant keizer Otto I de Grutte it goa fan 'e Fryske greve Hatto ôfnaam en oerdroech oan it Bisdom Utert.

Op 'e faak ûntstriden grins fan it doetiidske greefskip Hollân en it Bisdom Utert lei it slot Abcoude. Hjirfan waard foar it earst melding makke by de ferneatiging troch Gysbert fan Amstel yn 1274. It kastiel is letter wer opboud, mar hjoed-de-dei binne allinnich de fûneminten noch sichtber yn it lânskip, mei dêr omhinne de werstelde slotgrêft.

It gemeente- en polderhûs fan Abcoude út 1883 wie it riedhûs fan 'e gemeente en stiet oan it Riedhûsplein. Nei de fúzje kaam it leech te stean en it waard yn 2012 partikulier besit.

Op 1 jannewaris 2011 is de gemeente Abcoude gearfoege mei de gemeente De Ronde Venen. De nije gemeente De Ronde Venen bestiet út de plakken Mijdrecht, Wilnis, Vinkeveen, Waverveen, Abcoude, Baambrugge, Amstelhoek en De Hoef.

It besjen wurdich In part fan Abcoude is in beskerme doarpsgesicht. Fierder binne der yn it doarp tsientallen ryksmonuminten.

De doarpstsjerke is in goatysk tsjerkegebou en it âldste gebou fan Abcoude. De tsjerke datearret út it lêste fearn fan 'e 15e iuw. Yn 'e tsjerke stiet in tombe fan ien fan 'e eardere hearen fan Abcoude en syn frou. De roomske Kosmas en Damianustsjerke is in neogoatyske tsjerke fan Alfred Tepe en waard yn 1888 yn gebrûk nommen. It haadalter fan 'e tsjerke is makke troch Friedrich Wilhelm Mengelberg.

Omjouwing It Natoergebiet Botshol bestiet út twa marren mei in rike floara en fauna. It Fort Abcoude wie ien fan 'e earste forten fan 'e Stelling fan Amsterdam dy't klear wie. It fort is nea yn gebrûk naam, mar is wol bewarre bleaun. Oan 'e iggen fan It Gein steane in grut tal histoaryske pleatsen. Healwei ferbynt de Wilhelminabrêge beide ouwers. De Hugo de Vries-tún is in lyts doarpspark mei iuwenâlde beammen en in fiver, neist it plak dêr't alle wiken de doarpsmerk hâlden wurdt. Broekzijder Mûne. Mondriaanmûne.

Histoaryske hynstemerk Al yn 1309 waard melding makke fan 'e 'Apicwoudermarct', dy't nei alle gedachten ein augustus holden waard en dy't sa bekend wie dat de merk as tiidoantsjutting brûkt waard. Yn 1471 krige Abcoude it rjocht ta it hâlden fan in Frije Hynstemerk. Ek waard bepaald dat dy alle jierren holden waard op 'e lêste tongersdei fan augustus. Yn 1541 waard dat rjocht troch Keizer Karel V befestige. Dêrfandinne wie it yn it hiele bisdom Utert allinnich tastien hynders te ferkeapjen yn 'e stêd Utert of yn it doarp Abcoude en op de wenstige merkdagen.

De hynstemerk ûntwikkele him al gau ta in merk mei in algemiener karakter en waard yn 'e rin fan 'e tiid in doarpsfeest dat hjoed-de-dei fiif dagen duorret.

Kategory:Plak yn De Rûne Feanen Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Eardere gemeente yn Utert