De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme. __TOC__ Oersjoch De tweintiger jierren wiene it earste desennium fan it Ynterbellum, doe't de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch en de Spaanske gryp noch mar krekt efter de rêch wiene. De lju woene dy snuorje it leafst sa gau mooglik ferjitte en de ekonomyske oplibbing holp dêrby. Fral de Feriene Steaten profitearren fan in heechkonjunktuer dy't ferlykber wie mei dy yn 'e fyftiger en sechstiger jierren, nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Mar tagelyk tierde ek de misdie dêr wielderich; de tweintiger jierren wiene nammentlik yn 'e Feriene Steaten ek de tiid fan 'e Drûchlizzing, dy't duorre fan 1919 oant 1933. Dat stelde foaroanmannen fan 'e organisearre misdie, lykas Al Capone, Lucky Luciano en Bugsy Siegel, by steat en meitsje harren fortún mei de smokkel en swarthannel yn alkoholhâldende drank.

Súd-Amearika makke yn 'e tweintiger jierren in oalje-boom troch, dy't fan Fenezuëla de op ien nei grutste ierdoalje-eksporteur fan 'e wrâld makke. Yn West-Jeropa gie it ek goed mei de ekonomy, hoewol't Dútslân, de oanstichter (en ferliezer) fan 'e Earste Wrâldoarloch, suchte ûnder de swiere lêst fan ferhelbetellings dy't de Alliëarden dat lân by it Fredesferdrach fan Versailles oplein hiene. Dat late dêr al yn 1923 ta hyperynflaasje, mei as gefolch in ûnfermogen om oan 'e skulden te foldwaan, wat wer oanlieding joech ta de Besetting fan it Ruhrgebiet troch Frankryk en Belgje. Ek oare lannen kampten yn 'e tweintiger jierren mei de gefolgen fan 'e Earste Wrâldoarloch. Sa hie Itaalje, dat oan 'e Alliëarde side fochten hie, in grutte priis oan jild en minskelibbens betelle, mar, nei de miening fan in grut diel fan 'e befolking, amper dield yn 'e oarlochsbút. Sa wie gjin inkele Dútske koloanje oergien yn Italjaanske hannen. In protestbeweging fan ûntefreden oarlochsfeteranen woeks út ta in faksistyske revolúsje dy't yn 1922 Benito Mussolini oan 'e macht brocht.

Yn 'e Sovjet-Uny wiene de kommunisten ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski yn dyselde snuorje noch dwaande om nei de Oktoberrevolúsje en de Russyske Boargeroarloch harren macht te fêstigjen oer it hiele grûngebiet fan it eardere Keizerryk Ruslân. Nei de dea fan Lenin, yn 1924, ûntstie der in ynterne machtsstriid, dy't úteinlik wûn waard troch de folslein ûnmeilydsume Josef Stalin. De útwreiding fan it kommunistyske gedachteguod oer East-Jeropa brocht dêr as reäksje de opkomst fan it faksisme tewei. Yn dat ramt moat it ferfal ta diktatuer sjoen wurde fan lannen as Poalen, dêr't maarskalk Józef Piłsudski sûnt 1926 fan efter de skermen de macht yn 'e hannen hie, Litouwen, dêr't Antanas Smetona yn 1926 in steatsgreep útfierde, en Joegoslaavje, dêr't kening Aleksander I yn 1928 de keninklike diktatuer útrôp.

Op kultureel en maatskiplik mêd brochten de tweintiger jierren in hiele rige fernijings, dy't mooglik makke waarden troch de ekonomyske oplibbing, en dy't it dúdlikst sichtber wiene yn grutte stêden as New York, Chicago, Parys, Berlyn en Londen. Yn it foarste plak wie der in weromkear nei de 'normale sitewaasje' nei de hyper-emosjonele steat fan heitelânsleafde dy't mank gien wie mei de Earste Wrâldoarloch. Fierders wiene de tweintiger jierren de bloeitiid fan in nij muzyksjenre, jazz, en fan in dûns op dy muzyk, de charleston. Op it mêd fan 'e arsjitektuer foarme dizze tiid it hichtepunt fan 'e art-deco. Yn 'e keunst kaam it surreälisme op. Foar froulju kamen foar it earst knibbellange jurken en rokken yn 'e moade, in styl dy't earder net maatskiplik akseptabel west hie om't dêrtroch de ûnderskonken en ankels bleat litten waarden. Ek droegen, fral jongere, froulju harren hier skouderlang (of noch koarter), mei in ponny.

Oare fernijings yn 'e tweintiger jierren giene de ynfiering fan nijsoartige technology oan, lykas auto's, tillefoanen, radio's en húshâldlike apparaten, hoewol't soks foarbeholden wie oan 'e riken. Wol waard it foar lju út alle geledings fan 'e maatskippij mooglik om nei de bioskoop te gean om in stomme film te sjen. De yndustry woeks hurd oan, wat late ta gruttere meganisaasje. De media begûnen har foar it earst ta te lizzen op ferslachjouwing omtrint ferneamde persoanen, lykas filmstjerren en sporthelden. De measte lannen dy't dat noch net earder dien hiene, fierden fierders nei 1918 it frouljuskiesrjocht yn, mei't dat de froulju net mear mei goed fatsoen ûntsein wurde koe nei harren stipe oan 'e oarlochsynset fan 'e Earste Wrâldoarloch en harren ferdraggen fan alle lijen dat dy striid feroarsake.

De tweintiger jierren einigen mei de beurskrach fan 1929, dy't abrupt in ein makke oan alle optimisme en ekonomyske wolfeart, en de wurkleazens en earmoede fan 'e Grutte Depresje ynlette, dy't yn Jeropa en Noard-Amearika it folgjende desennium, de 1930-er jierren, dominearje soene.

Wichtichste foarfallen 1920 23 jannewaris - Nederlân wiist de útlevering fan 'e Dútske keizer Willem II, sa't dat easke wurdt troch de Alliëarden, ôf. 26 jannewaris - Yn Dútslân wurdt by in oanslach minister fan Finânsjes Matthias Erzberger fermoarde. De dieder is de rjochtse âld-ofsier Oltwig von Hirschfeld, dy't Erzberger kwea-ôf naam dat er yn 1918 de Wapenstilstân fan Compiègne ûndertekene hie. 30 jannewaris - Yn Spaansk-Marokko brekt de Rifoarloch út as de Berberske befolking ûnder lieding fan Abd el-Krim yn opstân komt tsjin 'e Spaanske koloniale oerhearsking. 2 febrewaris - Estlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Dorpat, wêrby't de Estyske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt. 7 febrewaris - Admiraal Aleksander Koltsjak, ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e anty-kommunistyske Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch, wurdt troch de Readen (de kommunisten) terjochtsteld. 10 febrewaris - By it Sleeswyksk Selsbeskikkingsreferindum sprekt yn 'e Dútske krite Noard-Sleeswyk in mearderheid fan 'e befolking him út foar oansluting by Denemark. 13 febrewaris - Switserlân wurdt lid fan it Folkebûn. 19 febrewaris - Nederlân wurdt lid fan it Folkebûn. 1 maart - Admiraal Miklós Horthy wurdt troch it Hongaarske parlemint foarearst oansteld as regint, mei't it lân sûnt de ferdriuwing fan it Hûs Habsburch in keninkryk sûnder kening is. 5 maart - Noarwegen wurdt lid fan it Folkebûn. 8 maart - Denemark en Kuba wurde lid fan it Folkebûn. 10 maart - Sweden wurdt lid fan it Folkebûn. 30 maart - Grikelân wurdt lid fan it Folkebûn. 17 maart - Yn Dútslân mislearret de Kapp-pûtsj, it besykjen ta steatsgreep fan 'e hege amtner Wolfgang Kapp. 6 april - Frânske troepen besette de Dútske stêd Frankfurt-am-Main, út protest tsjin wat it Frânske regear sjocht as de 'geregelde skeinings fan it Ferdrach fan Versailles' troch de Dútsers. 8 april - Portegal en Roemeenje wurde lid fan it Folkebûn. 24 april - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch tsjogge Poalske troepen ûnder maarskalk Józef Piłsudski de grins mei de Oekraïne oer nei't fredesûnderhannelings mei it kommunistyske rezjym yn Moskou mislearre binne. 26 april - Op 'e Konferinsje fan San Remo ferdiele de Alliëarden ûnderinoar de koloanjes fan Dútslân en de net etnysk Turkske dielen fan it Osmaanske Ryk as saneamde mandaatgebieten. 27 april - De mei de binnenfallende Poalske troepen fan maarskalk Józef Piłsudski gearwurkjende Oekraynske nasjonalistyske foaroanman Symon Petljoera ropt de ûnôfhinklikheid út fan 'e Oekraynske Folksrepublyk. 28 april - De ferovering fan Azerbeidzjan troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Azerbeidzjaanske Demokratyske Republyk. 3 maaie - Begjin fan 'e Grutte Iraakske Revolúsje tsjin it Britske mandatêr bestjoer. 21 maaie - De Meksikaanske presidint Venustiano Carranza, dy't mei de nasjonale skatkiste útnaaid is út Meksiko-Stêd, wurdt yn 'e bergen fermoarde troch pleatslike guerriljastriders. Dêrmei komt nei tsien jier in ein oan 'e Meksikaanske Boargeroarloch. 4 juny - Yn it Grand Trianon, yn Versailles, wurdt tusken de Alliëarden en Hongarije de Frede fan Trianon sletten. Dêrby wurdt Hongarije werombrocht fan in (foaroarlochsk) grûngebiet fan 324.000 km² ta in grûngebiet fan noch mar 93.000 km². De rest wurdt opdield ûnder Roemeenje, Joegoslaavje, Tsjechoslowakije en Eastenryk. 8 july - It Feriene Keninkryk reorganisearret Britsk-East-Afrika ta de Keniakoloanje. 11 july - De Britske minister fan Bûtenlânske Saken, Lord Curzon, docht in útstel foar in grins tusken Poalen en Ruslân dy't basearre is op 'e taalgrins tusken it Poalsk oan 'e iene kant en it Wytrussysk en it Oekraynsk oan 'e oare kant. Dy grins komt bekend te stean as de Curzon-liny. 12 july - Litouwen slút frede mei kommunistysk Ruslân, wêrby't de Litouske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt. 16 july - Op 'e Konferinsje fan Spa, yn Belgje, wurdt oerienstimming berikt oer de swierte fan 'e ferhelbetellings dy't Dútslân oan 'e Alliëarden dwaan moat. 16 july - Sina wurdt lid fan it Folkebûn. 24 july - By it net alhiel sûnder yntimidaasje ferrûne Selsbeskikkingsreferindum yn 'e Eastkantons kiest de befolking fan 'e Dútske kriten Eupen en Malmédy foar oansluting by Belgje. 28 july - Poalen en Tsjechoslowakije slute in akkoart oer de omstriden grinskrite Teschen, dy't opdield wurdt. 10 augustus - Tusken de Alliëarden en it Osmaanske Ryk wurdt yn 'e Paryske foarstêd Sèvres de Frede fan Sèvres sletten. Dêrby ferliest it Osmaanske Ryk alle gebietsdielen dy't net etnysk Turksk binne, wêrûnder Syrje, Mesopotaamje, Palestina, de Hidjas, de Nêzjd, Noard-Jemen, West-Armeenje en Koerdistan. 10 augustus - De ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk fan de Hidjas kriget ynternasjonale erkenning. 11 augustus - Letlân slút mei kommunistysk Ruslân it Fredesferdrach fan Riga, wêrby't de Letske ûnôfhinklikheid troch it rezjym yn Moskou erkend wurdt. 14 augustus - Tsjechoslowakije en Joegoslaavje slute in militêr bûnsgenoatskip. 16 augustus - Yn it ramt fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch bringe Poalske troepen it Russyske Reade Leger, dat al yn 'e foarstêden fan 'e Poalske haadstêd Warsjau stiet, yn 'e Slach om Warsjau in ferpletterjende nederlaach ta. 28 augustus - Troch de ratifikaasje troch alle 48 Amerikaanske steaten wurdt it Njoggentjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet fan krêft, dat de ynfiering fan it frouljuskiesrjocht yn 'e Feriene Steaten regelet. 24 septimber - Tusken twa steaten sûnder ynternasjonale erkenning, de Republyk Turkije en de Demokratyske Republyk Armeenje, brekt de Turksk-Armeenske Oarloch út. Dit konflikt makket ûnderdiel út fan 'e gruttere Turkske Unôfhinklikheidsoarloch. 29 septimber - Belgje anneksearret formeel de saneamde Eastkantons Eupen en Malmédy. 10 oktober - Itaalje anneksearret de Eastenrykske krite Súd-Tiroal. 10 oktober - De Koeweitysk-Nêzjdyske Oarloch einiget mei de weromlûking fan 'e Nêzjdyske troepen út Koeweit.