Feare (Nederlânsk en offisjeel: Veere; Siuwsk: (Ter) Veere) is in gemeente yn it westen fan 'e provinsje Seelân. De histoaryske stêd Feare joech de namme oan 'e gemeente, mar it gemeentehûs stiet yn Domburg. De gemeente hat ynwenners ().

Skiednis Sûnt 1811 bestie der in gemeente Feare, dy't ynearsten bestie út de stêd Feare en it plak Zanddijk. By de gemeentlike weryndieling fan 1 july 1966 waarden de doetiidske gemeenten Serooskerke en Vrouwenpolder tafoege. Dizze situaasje duorre oant ein 1996. Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 waard troch gearfoeging mei de gemeenten Domburg, Mariekerke, Valkenisse en Westkapelle de hjoeddeiske gemeente Feare foarme.

Plakken Plak Ynwenners (2023) Aagtekerke 1.465 Biggekerke 865 Domburg 1.710 Gapinge 520 Grijpskerke 1.430 Koudekerke 3.465 Meliskerke 1.465 Oostkapelle 2.305 Serooskerke 1.870 Veere 1.640 Vrouwenpolder 1.055 Westkapelle 2.630 Zoutelande 1.630

De gemeente bestiet ek út de buorskippen Boudewijnskerke, Buttinge, Dishoek, Groot Valkenisse, Hoogelande, Klein Valkenisse, Krommenhoeke, Mariekerke, Poppendamme, Sint-Jan ten Heere, Sint Janskerke, Werendijke en Zanddijk, de eardere buorskippen Molembaix, Molenperk, Pitteperk, Poppekerke, Schellach (foar in part), Snabbeldorp, en it eardere Geldtienden.

Fierders leit by it plak Feare noch de filla-wyk Buiten de Veste. Ek binne der noch in pear bungalowwiken yn 'e gemeente: Breezand by Vrouwenpolder, Joossesweg by Westkapelle, Kustlicht by Zoutelande en Randduin en Duno by Oostkapelle.

Kategory:Gemeente yn Seelân