De Rûne Feanen (Nederlânsk: De Ronde Venen) is in gemeente yn it noardwesten fan 'e provinsje Utert. De gemeente hat ynwenners () boarne: CBS) en in oerflak fan 116,98 km² (wêrfan 16,21 km² wetter).
De gemeente is yn 1989 oprjochte en ûntstie troch it gearfoegjen fan trije gemeenten: Finkefean en Waverfean, Mijdrecht en Wilnis. Abcoude waard op 1 jannewaris 2011 by De Rûne Feanen yndield. It haadplak is Mijdrecht.
Skiednis It gebiet fan De Rûne Feanen is ûntstien troch feanterij en ynpoldering. Om it gebiet hinne lizze de rivieren de Kromme Mijdrecht, Amstel, Waver, Winkel, Angstel en Aa. Dy rivieren foarmje mei-inoar hast in sletten sirkel en hawwe de wize fan lanoanmeitsjen en lânferkaveling foar in grut part bepaald.
Oarspronklik hearde it gebiet by it grûngebiet dat de Dútske keizer Otto I yn 953 oan 'e biskop fan Utert skonken hie. It gebiet wie doe noch net oanmakke. De lânoanmakkerij begûn neidat biskop Koenraad fan Utert it gebiet skonken hie oan it kapittel fan Sint-Jan yn Utert. Dêrby spilen sawol it fêststellen fan 'e grins tusken Hollân en it Stift as it oanmeitsjen fan it feangebiet in wichtige rol.
Yn 1989 ûntstie de gemeente De Rûne Feanen troch it gearfoegjen fan 'e eardere gemeenten Finkefean en Waverfean en Wilnis. De hjoeddeiske gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2011 troch de gearfoeging fan De Rûne Feanen mei de eardere gemeente Abcoude.
Gea thumb|left|De Finkefeanske Plassen. De Rûne Feanen bestiet foar it grutste part út ynpoldere fean. Yn it easten fan 'e gemeente lizze de Finkefeanske Plassen. De plassen en it gebiet Botshol foarmje in fysike skieding tusken Abcoude en Baambrugge oan 'e iene kant en it eigentlike gebiet fan 'e Rûne Feanen oan 'e oare kant. Der rint lykwols in wei troch de Feankefeanske Plassen, de Baambrugse Zuwe.
Yn it sintrum fan 'e gemeente, tusken de âlde doarpskearnen fan Mijdrecht, Vinkeveen en Wilnis, leit de leechlizzende polder Groot-Mijdrecht, dy't sa'n seis meter ûnder NAP leit.
Plakken Plak Ynwenners (2026) Abcoude 8.194 Amstelhoek 956 Baambrugge 1.456 De Hoef 847 Mijdrecht 16.234 Vinkeveen 9.733 Waverveen 800 Wilnis 7.529
Kategory:Gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1989 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2011 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2011