| boargemaster = | haadplak = Wedde | grutste plak = Bellingwolde | ynwennertal = 8.921 (30 april 2017) | befolkingstichtens = | oerflak = 110,13 km² | wêrfan lân = | wêrfan wetter = | tal stêden = | tal doarpen = 8 | ferkearsieren = N368 | oprjochte = 1968 | perioade 1 = Foar 1968 | namme perioade 1 = Bellingwolde Wedde | perioade 2 = | namme perioade 2 = | perioade 3 = | namme perioade 3 = | perioade 4 = | namme perioade 4 = | perioade 5 = | namme perioade 5 = | opheft = 2018 | opgien yn = Westerwâlde | no part fan = Westerwâlde | netnûmer = 0597 | postkoades = 9566-9569, 9695-9699 | tiidsône = UTC +1 | simmertiid = UTC +2 | webside = }} Bellingwedde is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. De gemeente ûntstie yn 1968 troch it gearfoegjen fan de gemeenten Bellingwolde en Wedde. Op 30 april 2017 hie Bellingwedde 8.921 ynwenners, del fan de 9.549 ynwenners dy't de gemeente yn 2000 hie. De gemeente hie in oerflak fan 110,13 km².

Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.

Doarpen De gemeente Bellingwedde hie de folgjende offisjele kearnen:

+ Ynwenners de kearn1 jannewaris 2006PlaknammeYnwennersBellingwolde2.590Blijham2.260Vriescheloo720Wedde630Rhederbrug610Veelerveen610Morige430Wedderheide260Wedderveer140Aldeskâns90Lyts-Ulsda50 Boarne:CBS

Oare offisjele kearnen: Den Ham Rhederveld

Buorskippen en oare net-offisjele kearnen: De Bult, Hoorn, Hoornderveen, Koudehoek, De Lethe, Lutjeloo, Morige, Tjabbesstreek, Wedderheide, Westeind, Wynskoaterhegebrêge (foar in part).

Skiednis Yn 2006 wie it fuortbestean fan de gemeente net wis. Der wiene stimmen dat de gemeente ta de nij te foarmjen gemeente Aldamt foege wurde soe. It gemeentebestjoer makke doe lykwols buorkundich dat as der in weryndieling komme soe, de foarkar nei it gearfoegjen mei Vlagtwedde wie. Yn 2010 sprutsen Bellingwedde, Vlagtwedde en Stedskanaal út foarstanners te wêzen foar fiergeande yntergemeentlike gearwurkjen, dêr't as einbeslút de trije gemeenten ûnôfhinklik bliuwe soene.

Nijsgjirrich Boargemaster Engbert Drenth wie by syn ôftreden op 1 maart 2007 de langstsittende boargemaster fan Nederlân (sûnt 1979). thumb|left|Topografyske gemeentekaart fan Bellingwedde

Kategory:Westerwâlde (gemeente) Kategory:Eardere gemeente yn Grinslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1968 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2018