De Église Saint-Juvin (Sint-Juvinustsjerke) yn Saint-Juvin yn it Frânske departemint Ardennen is in wartsjerke út 'e 17e iuw. De tsjerke hat gjin klokketoer en de massiviteit fan it gebou jout de tsjerke it oansjen fan in militêr bolwurk. Troch de koarte boudtiid fan 12 jier is de tsjerke wat styl oanbelanget in homogeen gebou.
Skiednis thumb|left|Byld fan de patroanhillige Sint-Juvinus yn 'e tsjerke. De tsjerke waard boud tusken 1614 en 1624 nei't de kontreien al in skoft slim te lijen hân hienen fan 'e hugenoate-oarloggen. Alhoewol't it doarp al in tsjerke hie, bouden de ynwenners de nije fersterke tsjerke sa'n hûndert meter fierder fan it âlde plak. De tsjerke waard op 14 augustus 1643 ynwijd.
Tsjin 'e ein fan 'e Earste Wrâldkriich, yn oktober 1918, soe it 1e Amerikaanske Leger yn it ramt fan it Maas-Argonne-offensyf de Kriemhilde Stellung oanfalle, dy't achter de Hindenburgliny lei. De bombardeminten en in eksploazje fan in Amerikaansk munysjedepot ferneatige trijfearn fan it doarp Saint-Juvin, ûnder oaren de tsjerke. De tsjerke stie as histoarysk monumint ynskreaun en waard tusken 1931 en 1935 op eksakt deselde wize wer opboud. It dak is sûnt lykwols net mear fan hout mar fan wapene beton.
Yn 'e tsjerke is in wijwetterbak út 'e 15e iuw, in 16e-iuwsk houten byld fan 'e hillige Juvinus as hoeder mei oan syn fuotten twa bargen.
Juvin (Saint-Juvin) Kategory:Bouwurk út 1624 Juvin (Saint-Juvin)