Dalarnas län (letterlik: "Provinsje De Dellingen"), oant 1 jannewaris 1997 Kopparbergs län (letterlik: "Provinsje Kopparberg"), is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en leit yn it noarden fan it lânsdiel Svealand. De provinsje beslacht suver itselde gebiet as it lânskip Dalarna en har bestjoer is fêstige yn Falun. De grutste stêd fan Dalarnas län is lykwols Borlänge.

Geografy De provinsje hat 15 gemeenten (kommuner) en neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen op 31 desimber 2010 de tsien grutste plakken fan de provinsje: Nr. Plak Ynwennertal 1 Borlänge 41.734 2 Falun 37.291 3 Avesta 14.506 4 Ludvika 14.498 5 Mora 10.896 6 Hedemora 7.273 7 Leksand 5.934 8 Orsa 5.308 9 Malung 5.12610 Smedjebacken 5.100

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634