Blekinge län (letterlik: "Provinsje Blekinge") is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en leit yn it súdeasten fan it lânsdiel Götaland. It provinsjesbestjoer is fêstige yn Karlskrona.

Geografy Blekinge län beslacht itselde gebiet as it lânskip Blekinge en is wat oerflak oanbelanget de lytste provinsje fan Sweden. Nei Gotlands län is it ek de provinsje mei de minste gemeenten. De fiif gemeenten (kommuner) binne: Karlshamn Karlskrona Olofström Ronneby Sölvesborg

Plakken Neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen op 31 desimber 2015 de fiif grutste plakken fan de provinsje: Nr. Plak Ynwennertal 1 Karlskrona 36.477 2 Karlshamn 20.112 3 Ronneby 12.612 4 Sölvesborg 8.972 5 Olofström 7.526

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1658