Östergötlands län (letterlik: "Provinsje Eastergeatelân") is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en leit yn it súdeasten fan it lân. It provinsjesbestjoer is fêstige yn Linköping, de grutste stêd fan de provinsje. Östergötlands län hat 457.496 ynwenners (2017).
Geografy De provinsje beslacht it lânskip Östergötland en inkelde parten fan oangrinzgjende lânskippen. De provinsje hat 13 gemeenten.
Plakken Neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen op 31 desimber 2016 de fiif grutste plakken fan de provinsje: Nr. Plak Ynwennertal 1 Linköping 108.640 2 Norrköping 95.618 3 Motala 31.224 4 Finspång 13.074 5 Mjölby 13.021
Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634