Kalmar län (letterlik: "Provinsje Kalmar") is in provinsje fan Sweden yn it easten fan it lânsdiel Götaland. De provinsje beslacht it eastlike part fan it lânskip Småland en it folsleine lânskip Öland. Yn it suden grinzget Kalmar län oan Blekinge län, yn it westen oan Kronobergs län en Jönköpings län, en yn it noarden oan Östergötlands län. It provinsjebestjoer is fêstige yn Kalmar. Op 31 desimber 2017 hie de provinsje 243.536 ynwenners.

Geografy Gemeenten Kalmar län bestiet sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1971 út 12 gemeenten: Borgholm Emmaboda Hultsfred Högsby Kalmar Mönsterås Mörbylånga Nybro Oskarhamn Torsås Vimmerby Västervik

Plakken Yn 2010 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal 1 Kalmar 38.408 2 Västervik 21.178 3 Oskarshamn 18.287 4 Nybro 13.039 5 Vimmerby 8.037

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634