Lappland (Frysk: Laplân) is ien fan de lânskippen (histoaryske provinsjes) fan Sweden en leit yn it noarden fan it lânsdiel Norrland. It beslacht ûngefear in kwart fan it totale oerflak fan Sweden en is dêrmei it grutste fan alle lânskippen. Yn it westen grinzget it lânskip oan Noarwegen en yn it noardeasten oan Finlân. De oangrinzgjende lânskippen binne Jämtland, Norrbotten, Västerbotten en Ångermanland.

Geografy Lappland leit tsjin it Skandinavysk Heechlân oan en bestiet foar in grut part út heechflakte. Mear as 47 prosint fan it gebiet leit heger as 500 meter boppe seenivo. It heechste punt is de súdlike top fan Kebnekaise, de twatoppige berch dy't mei 2.111 meter ek it heechste punt fan Sweden is.

Besjoch ek Lânsdielen fan Sweden Lânskippen fan Sweden Provinsjes fan Sweden

Kategory:Lânskip fan Sweden Kategory:Norrbottens län Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1350 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1634