Ångermanland is in lânskip (histoaryske provinsje) yn it Sweedske lânsdiel Norrland. It grinzget oan de lânskippen Jämtland, Lappland, Medelpad en Västerbotten. Beëasten Ångermanland leit it súdlike part fan de Botnyske Golf.
De namme komt fan it wurd anger, Aldnoarsk foar djippe fjord, en is in ferwizing nei de djippe mûning fan Ångermanälven, mei in lingte fan 460 kilometer ien fan de langste rivieren fan Sweden.
Besjoch ek Lânsdielen fan Sweden Lânskippen fan Sweden Provinsjes fan Sweden
Kategory:Lânskip fan Sweden Kategory:Västernorrlands län Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1350 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1634