Kronobergs län (letterlik: "Provinsje Kronoberg") is in provinsje fan Sweden en beslacht it súdwestlike part fan it lânskip Småland. It provinsjebestjoer hat syn sit yn Växjö. Kronobergs län grinzget yn it suden oan de provinsjes Blekinge län en Skåne län, yn it westen oan Hallands län, yn it easten oan Kalmar län en yn it noarden oan Jönköpings län.
Geografy Gemeenten Sûnt de weryndieling fan 1971 bestiet de provinsje út acht gemeenten: Alvesta Lessebo Ljungby Markaryd Tingsryd Uppvidinge Växjö Älmhult
Plakken Yn 2015 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de fiif grutste plakken fan de provinsje:
Nr. Plak Ynwennertal 1 Växjö 65.383 2 Ljungby 15.785 3 Älmhult 9.495 4 Alvesta 8.627 5 Markaryd 4.664
Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634