Skåne län (letterlik: "Provinsje Skania") is de súdlikste provinsje fan Sweden en leit yn it lânsdiel Götaland. De haadstêd fan de provinsje is Malmö, mar it provinsjebestjoer hat ek kantoaren yn Kristiansand.

Geografy De provinsje hat 33 gemeenten (kommuner) mei yn totaal sa'n 1,3 miljoen ynwenners. Dat komt oerien mei 13% fan de folsleine Sweedske befolking.

Plakken Neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen yn 2015 de tsien grutste plakken fan de provinsje: Nr. Plak Ynwennertal 1 Malmö 301.706 2 Helsingborg 104.250 3 Lund 87.244 4 Kristiansand 39.762 5 Landskrona 32.229 6 Trelleborg 29.316 7 Ängelholm 27.500 8 Hässleholm 19.309 9 Ystad 18.80610 Eslöv 18.592

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1658