Västmanlands län (letterlik: "Provinsje Westmanlân") is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en leit yn it lânsdiel Svealand. It bestjoer is fêstige yn Västerås, mei 110.877 ynwenners (2010) de grutste stêd fan de provinsje.

Geografy De provinsje omfettet it eastlike part fan it lânskip Västmanland en inkelde parten fan oangrinzgjende lânskippen. De provinsje hat 10 gemeenten.

Plakken Yn 2010 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal 1 Västerås 110.877 2 Köping 17.743 3 Sala 12.289 4 Fagersta 11.130 5 Hallstahammar 10.478 6 Arboga 10.330 7 Surahammar 6.179 8 Kungsör 5.452 9 Norberg 4.518 10 Skultuna 3.133

Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634