Värmlands län (letterlik: "Provinsje Waarmlân") is in provinsje (län) yn it súdwesten fan it lânsdiel Svealand yn Sweden. Op 31 desimber 2017 hie Värmlands län 280.399 ynwenners, wêrmei't it wat ynwennertal oanbelanget de tolfde provinsje fan it lân is. It bestjoer fan de provinsje sit yn Karlstad.
Plakken Yn 2010 wienen neffens Statistiska centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) de tsien grutste plakken fan de provinsje:
Nr. Plak Ynwennertal 1 Karlstad 61.685 2 Kristinehamn 17.839 3 Arvika 14.244 4 Skoghall 13.265 5 Säffle 8.991 6 Kil 7.842 7 Forshaga 6.179 8 Filipstad 6.022 9 Skåre 5.402 10 Hagfors 5.146
Kategory:Provinsje fan Sweden Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1634