thumb|Fedor von Bock (1939)
Fedor von Bock (3 desimber 1880, Kostrzyn nad Odrą, Poalen – 4 maaie 1945, Aldenburch yn Holstein) wie in Dútsk fjildmaarskalk fan it Dútske Leger tidens de Twadde Wrâldkriich. By de Poalske Fjildtocht fan 1939 hie er de lieding oer Heeresgruppe Nord, by de Slach om Frankryk fan 1940 oer Heeresgruppe B en letter, by de oanfal op de Sovjet-Uny, oer Heeresgruppe Mitte. Syn lêste befel hie er yn 1942 oer Heeresgruppe Süd.
Yn de hearst en winter fan 1941 hie Bock de lieding oer Operaasje Taifûn, it úteinlik mislearre besykjen om de stêd Moskou yn te nimmen. It offinsyf fan de Wehrmacht krige in protte wjerstân fan de Sovjet-legers en ek de waarsomstannichheden wienen min. In tsjinoanfal soarge derfoar dat Bock syn striidkrêften weromlûke moast.
Kategory:Dútske adel Kategory:Dútsk maarskalk Kategory:Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is by in bombardemint Kategory:Persoan berne yn 1880 Kategory:Persoan stoarn yn 1945