De lama-eftigen (wittenskiplike namme: Lamini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae).

Beskriuwing Dizze taksonomyske groep omfiemet de lama's (Lama), wêrfan't noch fjouwer libbene soarten besteane. Dy binne allegearre lânseigen yn Súd-Amearika, foar it meastepart yn it Andesberchtme. Fan 'e fjouwer soarten binne de lama (Lama glama) en de alpaka (Lama pacos) folslein domestisearre, wylst de gûanako (Lama guanicoe) en de fikûnja (Lama vicugna) útslutend yn it wyld foarkomme. Fierders is der de útstoarne tsjilihûeke (Lama araucana) en teffens binne der noch twa fossile skaaien bekend, te witten Hemiauchenia en Palaeolama.

Lama-eftigen hawwe alhiel gjin seksuële dimorfy, en likemin beskikke se oer in galblaas. Wol hawwe se in spiisfertarringsstelsel dat har by steat steld om beskate giftige stoffen ta har te nimmen. Fierders ferskille se fan har neiste sibben, de echte kamielen (Camelini) trochdat se de beide teannen oan eltse poat ûnôfhinklik faninoar bewege kinne, wat har in bettere gryp jout op rotsige berchgrûn.

Tûke-opbou

tûke lama-eftigen (Lamini) skaai Hemiauchenia † Hemiauchenia blancoensis † Hemiauchenia macrocephala † Hemiauchenia minima † Hemiauchenia paradoxa † Hemiauchenia vera † skaai lama's (Lama) alpaka (Vicugna pacos) fikûnja (Vicugna vicugna) gûanako (Lama guanicoe) lama (Lama glama) tsjilihûeke (Lama araucana) † skaai Palaeolama † Palaeolama mirifica †

Kategory:Kamieleftige