De echte kamielen (wittenskiplike namme: Camelini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae). Dizze taksonomyske groep omfiemet de kamielen (Camelus), wêrfan't noch trije libbene soarten besteane.
De echte kamielen ûntjoegen har foar it earst yn it Let Eoseen, sa'n 37 miljoen jier lyn, yn Noard-Amearika. Sûnt 2 oant 3 miljoen jier lyn binne de echte kamielen ek lânseigen yn Aazje en Noard-Afrika, dêr't se har hinne ferspraten oer de Beringlânbrêge. Yn deselde snuorje berikte teminsten ien skaai fan dizze tûke, ntl. Eulamaops, Súd-Amearika as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, nei de foarming fan 'e Lâningte fan Panama. Dat skaai is letter lykwols weiwurden, en omtrint 10.000 jier ferlyn binne de echte kamielen yn Noard-Amearika ek útstoarn.
Tûke-opbou
tûke echte kamielen (Camelini) skaai Aepycamelus, Alticamelus of Homocamelus † skaai Aguascalientia † skaai Alforjas † skaai Amerikaanske kamielen (Camelops) † skaai Australocamelus † skaai beneikamielen (Paracamelus) † skaai Blancocamelus † skaai Cuyamacamelus † skaai Eulamaops † skaai Floridatragulus of Hypermekops † skaai Gentilicamelus † skaai Gigantocamelus † skaai Hesperocamelus † skaai kamielen (Camelus): 3 soarten skaai Megacamelus † skaai Megatylopus † skaai Michenia † skaai Miotylopus of Dyseotylopus † skaai Nothokemas † skaai Paralabis † skaai Paratylopus † skaai Pliauchenia † skaai Poebrodon † skaai Poebrotherium † skaai Priscocamelus † skaai Procamelus † skaai Protolabis † skaai Pseudolabis † skaai Tanymykter † skaai Titanotylopus †
Kategory:Kamieleftige